peoplepill id: daam-fockema
DF
Netherlands
1 views today
1 views this week
Daam Fockema
Dutch jurist, politician and writer

Daam Fockema

The basics

Quick Facts

Intro
Dutch jurist, politician and writer
Gender
Male
Place of birth
Dokkum, Dongeradeel, Friesland, Netherlands
Place of death
Leeuwarden, Leeuwarden, Friesland, Netherlands
Age
84 years
The details (from wikipedia)

Biography

Daam Fockema troch Willem Bartel van der Kooi, 1822

Daam Fockema (Dokkum, 6 juny 1771 - Ljouwert, 31 july 1855) wie in abbekaat en skriuwer út in patriottyske húshâlding. Hy komt út in eigenerfd laach fan Nijewier.

Libben

Daam Fockema wie in soan fan Johannes Fockema en Trijntje fan Kleffens, begoedige boargers fan Dokkum.

Fockema promovearre yn 1793 oan 'e Ryksuniversiteit Grins en wie oant 1802 abbekaat en notaris yn Ljouwert. As liberaal revolúsjonêr waard er sekretaris fan it Comité révolutionair provincial tusken 1796 - 1797, mar rekket as federalist tusken 1796 en 1798 wat op de eftergrûn. Hy waard sekretaris fan it Yntermediêr Administratyfbestjoer (1798) en riedshear by it Hof fan Fryslân.

"Stânfries" Fockema woe oanslute by it ferline en tsjinne dêrom wol kening Loadewyk Napoleon, mar net de keizer. Hy waard lid fan de Twadde Keamer fan 1822 - 1830 en 1831-1834, mar botste mei it persoanlike gûvernemint fan Willem I. Hy wie tsjin de finansjele polityk en foar de ôfskieding fan Belgje. Nei 1834 wurke er as in teloarsteld man oan histoaryske stúdzjes yn syn hûs oan de Weaze. Yn 1841 bedankt er foar it lidmaatskip fan de Ried fan Steat en yn 1848 foar de Earste Keamer. Troch syn stânfêstigens op it mêd fan federalisme, frijheid wied er syn tiid eins foarút.

Wurk

  • Iets betrekk. de afscheiding van het Zuiden en Noorden van de Nederlanden (Ljouwert, 1830)
  • Herinneringen bij opkomende gedachten naar aanleiding van de tegenw. omstandigheden (Ljouwert, 1832)
  • Proeven betrekk. de staathuishouding in Ned. (Ljouwert, 1834)
  • Proeven van taal- en geschiedkunde, met een bijdrage over de Friesche Kronyk van Ocko van Scharl e.a. (Ljouwert, 1836)
  • Schetsen van de Friesche Geschied. in 't algem. en wegens het strafregt in het bijz., 3 dln., (net folt.) (Ljouwert, 1840-47)
  • Hist. bydragen yn De Vrije Fries, sa as oer Corn. Tacitus; de vorming der Zuiderzee; de grenzen van Friesl. in onderscheiden tijdvakken; de Schieringers en Vetkoopers; watertogten der Romeinen door Friesl.; de afkomst van Ernst Willem Higt; het eerste boek van Krantzii Saxonia; den giftbrief van Lodewijk den Vromen, en over eene kronyk van Dockum door Gerrit Hesman.

Sjoch ek

Keppelings om utens

The contents of this page are sourced from Wikipedia article on 26 Jan 2024. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
Lists
Daam Fockema is in following lists
comments so far.
Comments
From our partners
Sponsored
Reference sources
References
Daam Fockema
arrow-left arrow-right instagram whatsapp myspace quora soundcloud spotify tumblr vk website youtube pandora tunein iheart itunes