peoplepill id: cor-hoekstra
CH
Netherlands
1 views today
1 views this week
The basics

Quick Facts

Gender
Male
Star sign
AriesAries
Birth
16 April 1931, Franeker, Netherlands
Death
29 February 1996 (aged 64 years)
Age
64 years
The details (from wikipedia)

Biography

Cor Hoekstra (Frjentsjer, 26 april 1931 – It Oranjewâld, 29 febrewaris1996) wie in Frysk cartoonist. In soad fan syn wurk brocht hy út ûnder de artystenamme CORK.

Biografy

Hoekstra waard oarspronklik ooplaat ta ûnderwizer. Yn syn militêre tsjinsttiid begûn er te tekenjen foar it personeelsbled fan de Ljouwerter Fleanbasis. Nei fiif jier as ûnderwizer wurke te hawwen oan de Albertine Agnesskoalle yn It Oranjewâld, sei hy yn 1961 de skoalle farwol. Al yn syn ûnderwiisperioade boude hy syn "praktyk" op. Hy stjoerde syn cartoons nei de Friese Koerier en dêrnei nei in grut tal oare blêden. Earst yn Nederlân, mar nei ferrin fan tiid ek nei ferskate bûtenlânske kranten en tydskriften wêrûnder de Haagse Post, Panorama, Revu, Frankfurter Allgemeine, East-Jeropeeske, Japanske en Arabyske blêden. Yn 1990 waarden se yn 35 lannen publisearre.

De namme CORK ûntstie by tafal trochdat guon de namme Cor H. oanseagen foar Cor K. Yn syn cartoons hat hy him benammen rjochte op misstannen yn ferskate sektoaren fan de maatskippij. Yn it begjin wienen se noachal ûnskuldich: in lantearnepeal dy't wetter ynstee fan ljocht jout. Letter wist hy hierskerp yn byld te bringen wat der yn de maatskippij mis wie: loftfersmoarging, mismanagement, sportferdwazing en telefyzjeferslaving wienen bekende tema’s dy't it libben fan de boarger soer makken. Syn cartoons fan it fuotbal en fan "fuotbalsupporters" wienen populêr by de redaksjes mar netby de fuotballeafhawwers.

Ek de ynspriraasje dy't hy opdien hat út it militêre bedriuw hat er yn syn hiele karriêre brûke kind. Minsken yn unifoarm en autoriteiten rôpen by him al gau argewaasje op. Dizze argewaasje ferwurke hy yn syn cartoons. Oare items wienen de technyk en it miljeu. De tekenstyl fan CORK wie tige werkenber.

Yn 1971 krige hy de "Award for Magazine Art". In Amerikaanske sjuery keas him op grûn fan 300-400 tekeningen dy't ferskynden yn kranten yn de Feriene Steaten, Japan en ferskate oare lannen. Dizze priis betsjutte in ekstra erkenning foar CORK.

Yn de jierren 80 fan de 20e iuw fersoarge CORK de efterside fan it tydskrift De Strikel, dêr't hy ek spottende Fryske striptekeningen foar makke. Op polityk mêd wie hy net echt aktyf, benammen omdat hy, sa't er sels sei, te sekundêr wurke, dus efter de aktualiteit oan.. Dochs hater oan de ein fan syn libben syn ljocht skine litten oer de Ljouwerter polityk. Hy hie dêrby de gek mei de kultuerpolityk en de finansjele debâkles.

Yn it argyf fan CORK, bewarre yn Tresoar yn Ljouwert, wurde tûzenen cartoons, ferskate boeken en artikelen en ek dokuminten bewarre oer syn kontakten mei opdrachtjouwers en ôfnimmers. Ek wurdt der Frysk materiaal bewarre oer syn koarte gearwurking mei de kabaretier Rients Gratama yn it programma “Se moatte it mar witte”. De bedoeling is om de cartoons te digitalisearjen.

Bibliografy

  • A. Roma, oer it Twadde Fatikaansk konsyllje
  • Handboek soldaat, persiflaazje
  • De wereld van CORK

Keppelings om utens

The contents of this page are sourced from Wikipedia article on 24 Apr 2020. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
Lists
Cor Hoekstra is in following lists
comments so far.
Comments
From our partners
Sponsored
Reference sources
References
Cor Hoekstra
arrow-left arrow-right instagram whatsapp myspace quora soundcloud spotify tumblr vk website youtube pandora tunein iheart itunes