Willem Dijk
Quick Facts
Biography
Willem Jans Dijk (Burgum, 15 febrewaris 1881 - De Haach, 23 oktober 1970) wie in ûnderwizer en keunstner.
Hy is berne yn in skippershúshâlding en gie yn 1896 nei Grins om oplieden te wurden foar ûnderwizer. Hy stie oan de skoallen yn Makkum en Nieuwkoop. Hy tekene en skildere as autodidakt mei advizen fan tegelskilder J. ten Zwege, Dirk Nijland en P. Artzenius. Nei wat omswalkjen wurdt er yn 1910 ûnderwizer yn De Haach (1910) en bliuwt dêr wenjen. Dêr waard er lid fan de Pulchri-studio, folge jûnslessen oan de Haachske akademy en tekene ferdwinende binnenskippen.
Yn de oarloch siet hy fan 1942 ôf ûnderdûkt op de Galamadammen by Jan de Bos en nei de brân by de slûswachter yn Molkwar. Hy wie skilder en grafikus. Syn wurk bestiet yn it earstoan foar in grut part út houtfiken en etsen, mar letter makket er mear skilderijen en akwarellen. Underwerpen binne faak havens en skippen. Syn natoerympresjes binne fyn ôfstimd.
It wurk fan Dijk waard faak ôfdrukt yn tydskriften as de Waterkampioen en Schuttevaer en is te finen yn it Haachsk Gemeentemuseum en it Frysk Skipfeartmuseum yn Snits.
Literatuer
- W.J. Dijk, De Schoonheid onzer binnenschepen (Amsterdam, 1963)
- Sneeker Nieuwsblad 14 maaie 1965
- Leeuwarder Courant 14 feb. 1961
- Jierboek Frysk Skipfeart Museum 1978, side 12
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|