Uke Tellegen-Veldstra
Quick Facts
Biography
Uilkje (Uke) Tellegen-Veldstra (Akkrum, 22 desimber 1910 – De Bilt, 11 jannewaris 1991) wie in Nederlânsk ûnderwizeres en politikus.
Famylje
Tellegen waard berne yn in Fryske arbeidershúshâlding as dochter fan Pieter Veldstra en Geertje Hoekstra. Har heit wie fabryksarbeider, wethâlder en lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Hja troude yn 1935 mei de analist Albertus Marinus Tellegen. Ut dit houlik kamen fjouwer bern.
Wurkpaad
Tellegen waard oplaat oan de rykskweekskoalle foar ûnderwizers yn Utrecht en wurke oant har houlik as ûnderwizeres. Nei de Twadde Wrâldoarloch wie se direkteur fan de kweekskoalle foar beukerûnderwiis yn Utert (1945-1948).
Tellegen wie lid fan de PvdA. Se waard yn 1946 keazen yn de tydlike gemeenterie fan Maarssen en bleau gemeenteriedslid oant 1955. Dêrneist wie se lid fan de Provinsjale Steaten fan Utert (1946-1974), lid fan de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal (1956-1963) en lid fan Deputearre Steaten fan Utert (1962-1971). Yn de Keamer spruts se allinnich oer ûnderwiisfraachstikken. Se wie as deputearre en bestjoerslid yn 1970/1971 nau belutsen by de affêre-Dennendal om de troch direkteur Carel Muller trochfierde fernijings yn de swaksinnigensoarch; dit late ek ta spannings yn har eigen partij. Yn 1971 lutse se har werom as deputearre.
Tellegen-Veldstra ferstoar yn 1991, op 80-jierrige leeftyd.
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|