Tonny Ferwerda
Quick Facts
Biography
Tonny Ferwerda (Boalsert?, 25 juny 1943) wie yn de sechtiger jierren in ferneamd lange-ôfstân rider út Boalsert. Hy waard yn 1963 23e op it Nederlânsk Kampioenskip Allround en yn 1970 achtste op de NK sprint.
Reedriders wurkpaad
Ferwerda syn talint waard yn 1963 opmurken by de Militêre Ljouwerter Kampioenskippen loft- en lânmacht op de Grutte Wielen. Ferwerda waard kampioen fan Ljouwert en de kapitein woe dat er meidie oan de Alvestêdetocht. Mar Ferwerda keas sels foar de toertocht en wie ien fan de pear riders dy't de tocht dat jier útried.
Nei de ôfdijer fan 1963 treende Ferwerda hurd troch om him klear te meitsjen foar de folgjende Alvestêdetocht, ûnder oare mei kreative trenings mei fytsbannen. De útfining fan de reedrydplanke wie ek net in útfining fan Hans van Helden, sa't faak skreaun wurdt, mar fan Ferwerda. Yn 1964 kaam Ferwerda yn de Fryske seleksje. Hy fersloech yn 1966 yn Dimter sels Ard Schenk op de 500 meter yn in eintiid fan 43,5. Op de 1500 meter einige hy as tredde efter Jan Bols. Twarres die Ferwerda mei an de Nederlânske Kampioenskippen Langebaan.
Wrâldoererekord
Hans van Helden miende yn him de júste persoan te hawwen dy't him helpe koe as gongmakker by syn besykjen it oererekord fan 32.970 meter te ferbetterjen op 11 febrewaris 1968. Dat stie al fjirtich jier op namme fan de Frânsman Leon Quaglia. It senario foar Ferwerda wie dúdlik: sa lang mooglik bybliuwe by Van Helden en dan stadichoan ôfheakje. Van Helden lei ek wat foar op Ferwerda, mar sakke stadichoan wei en Ferwerda helle de takomstige kampioen yn. It gat tusken de beëage wrâldoererekordhâlder en Ferwerda waard grutter en grutter. Uteinlik waard it talint Van Helden mar leafst trijeris lapt troch de Boalserter mitselder. Demoralisearre stapte Van Helden út en Ferwerda glide op it bûteniis fan Thialf, mei hurde wyn, nei 34.205,15 meter, mear as trije rûntsjes mear as Léon Quaglia yn 1928. Ferwerda waard sa ek ta syn eigen ferrassing wrâldoererekordhâlder. Pas fiif jier letter soe Jan Roelof Kruithof dy ôfstân ferbetterje.
Ferwerda waard letter foarsitter fan de Boalserter Iisferiening.
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|