peoplepill id: tjerk-van-boelens
TVB
Netherlands
1 views today
1 views this week
Tjerk van Boelens
Dutch politician

Tjerk van Boelens

The basics

Quick Facts

Intro
Dutch politician
Work field
Gender
Male
Birth
Place of birth
Buitenpost, Achtkarspelen, Friesland, Netherlands
Place of death
Buitenpost, Achtkarspelen, Friesland, Netherlands
Age
69 years
Education
University of Franeker
The details (from wikipedia)

Biography

Tsjerk fan Boelens of (latinisearre) Tarquinius van Boelens (Bûtenpost, 1582 - dêre, 22 jannewaris 1651) wie in Nederlânske bestjoerder fan Frysk komôf.

Biografy

Van Boelens wie in soan fan Lieuwe van Boelens, sekretaris fan Achtkarspelen, en Anne Lieuma († 1626). Tsjerk wie in telch út de famylje Fan Boelens. Dat geslacht út Olterterp hie in tûke yn Achtkarspelen dy't grutte belangen hie yn de ferfeaning. Al yn de perioade 1526 -1549 komt in Sythie Boelis foar as grytman fan dy gritenij. Tsjerk wie moai wis in neikommeling fan dizze Sythie.

Yn 1598 waard Tsjerk ynskreaun as studint oan de universiteit fan Frjentsjer.Al yn 1607 komt Van Boelens foar as rekkenmaster fan Fryslân. Yn 1618 folge er Feycke fan Herbranda op as grytman fan Achtkarspelen. Fan Boelens wie ûnder oaren Volmacht ten Landsdage út namme fan Achtkarspelen en letter wie er ek lid fan Deputearre Steaten fan Fryslân út namme fan Eastergoa. Yn 1633 resultearre de ynfiering fan nije belestingen yn lilkens ûnder de pleatslike befolking dy't him ûnder mear rjochte tsjin Fan Boelens en grytman fan Kollumerlân, Ritscke van Eysinga. Yn 1637 die Van Boelens ôfstân fan it grytmanskip foar syn soan Pieter fan Boelens. Nei it ferstjerren fan Piter yn 1639 waard Tsjerk op 'e nij grytman oant er yn 1648 fannijs ôfstân die yn it foardiel fan syn pakesizzer Livius fan Boelens.

Yn Bûtenpost stichte de famylje Fan Boelens de Boelensstate dy't letter ek bekend stie as de Haersmastate.Fierder hie Van Boelens stimhawwende pleatsen yn syn besit yn Bûtenpost, Stynsgea, Droegeham, Surhuzum, Lutkepost en Twizel.

Houlik en bern

Hearebank yn de Marijetsjerke fan Bûtenpost mei it alliansjewapen Fan Boelens-Pieters

Van Boelens boaske yn 1608 oan Maaike Pieters (± 1587/88-1655), dochter fan Pieter Binnerts, lekkenkeapman te Ljouwert, en Maeycke van Voort, besibbe oan de Uterske ferfeantersfamylje Van Voort dy't in part fan de feanen fan it Gerkeskleaster yn gebrûk krige. It pear krige in soan:

  • Pieter fan Boelens (1609-1639), hy folge syn heit op as grytman fan Achtkarspelen. Pieter boaske oan Eelckien fan Haersma, dochter fan Arent fan Haersma, grytman fan Smellingerlân en Hylck fan Harckema. Hylck wie in suster fan Aulus fan Harckema, grytman fan Fisfliet, sy troude letter op 'en nij mei Feycke fan Herbranda. It rouboerd foar Pieter fan Boelens sit yn de samling fan it Frysk Museum.

Sjoch ek

  • List fan grytmannen fan Achtkarspelen
  • List fan grytmannen fan Kollumerlân

Boarnen, noaten en referinsjes

The contents of this page are sourced from Wikipedia article. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
Lists
Tjerk van Boelens is in following lists
comments so far.
Comments
From our partners
Sponsored
Credits
References and sources
Tjerk van Boelens
arrow-left arrow-right instagram whatsapp myspace quora soundcloud spotify tumblr vk website youtube pandora tunein iheart itunes