peoplepill id: thommy-de-boer
TDB
Netherlands
1 views today
1 views this week
The basics

Quick Facts

Gender
Male
Place of birth
Akkrum, Heerenveen, Friesland, Netherlands
Age
107 years
The details (from wikipedia)

Biography

Thommy de Boer (Akkrum, 30 jannewaris 1917 – ?), wie in hurdfytser.

Op 10 septimber 1933 ried er syn earste wedstriid op de baan fan Snits. Hy wie doe al nei Harns ferhuze wie. Yn de ôffalwedstriid waard hy njoggende en lêste. Op Keninginnedei 31 augustus 1934 wûn earst in wedstriid op tranportfytsen. In dei letter wûn er syn earste echte wedstriid op it sportterrein fan Harns: earste (mei de Harnzer IJ. Alkema) yn in keppelwedstriid.

Yn 1935 waard Thommy de Boer lid fan de 'Ren- en Toeristenvereeniging Leeuwarden'. Grut súkses helle hy yn de 6 x 1 oere Keppelwedstriid fan 1 o/m 5 juny 1937 op de fytsbaan fan Ljouwert mei keppelgenoat Gerrit Boeyen út Oss. Yn de seis oeren waard mar leafst 256,8 km ôflein. Yn 1938 waard De Boer kampioen fan Noard-Nederlân op de dyk yn Musselkanaal. Tj. Jager fan Stienwikerwâld (2e) en Pieter Pijper (3e) út Winschoten wienen gjin partij foar Thommy.

Healwei 1940 waard der fanege de oarloch net fytst, mar yn 1946 gie hy wer los. De oerwinning yn de Acht fan Boalsert (1947), in belangrike wedstriid foar amateurs en nijelingen, foar de Amsterdammer H. Schuiten en J. Edwards út it Ingelske Norwich, joech opsjoch. De edysje fan 1948 wûn er fannijs, mar omdat hy earder foar jild riden hie waard De Boer oanmerkt as beropsfytser en waard syn sege net erkend. Ein 1949 stoppe Thommy de Boer mei hurdfytsem. Dêrnei wie er noch in skoft sjuerylid.

The contents of this page are sourced from Wikipedia article. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
Lists
Thommy de Boer is in following lists
comments so far.
Comments
From our partners
Sponsored
Thommy de Boer
arrow-left arrow-right instagram whatsapp myspace quora soundcloud spotify tumblr vk website youtube pandora tunein iheart itunes