peoplepill id: theodorus-beckeringh
TB
Netherlands
1 views today
1 views this week
Theodorus Beckeringh
Dutch lawyer and jurist

Theodorus Beckeringh

The basics

Quick Facts

Intro
Dutch lawyer and jurist
Work field
Gender
Male
Theodorus Beckeringh
The details (from wikipedia)

Biography

Theodorus Beckeringh (doopt Grins, 21 augustus 1712 - Grins, 30 augustus 1790) wie in Nederlânske jurist en kartograaf.

Biografy

Beckeringh waard berne oan it Martinitsjerkhôf yn Grins en doopt yn de Martinytsjerke. Hy wie in soan fan Lambertus Beckeringh en Catharina Sipkens. Beckeringh waard sekretaris fan de rekkenkeamer fan de Steaten-Generaal (1721). Hy studearre rjochten oan de Grinzer Universiteit en promovearre yn 1738. Dêrnei waard er abbekaat foar de Hege Justysje-keamer. Dêrnjonken wie hy assessor fan it Generaliteits Kriichsgerjocht (1739-1790), redger yn De Ommelannen en grytman yn it Westerkertier. Hy boaske yn 1741 oan Geertruida van Hulten (1717-1799).

Boargenkaart

Mr. Beckeringh is fral bekend wurden as amateur-kartograaf. Hy tsjinne yn 1777 by de Grinzer Steaten in fersyk om subsydzje yn om in troch himsels makke lânkaart fan de Grinzer Stêd en Ommelannen út te jaan. Hy woe dêrfoar in oktroai foar 25 jier hawwe. Beckeringh krige 5000 karolusgûne takend en in oktroai fan 15 jier. Beckeringh syn Kaart of Land Tafereel der Provincie van Groningen en Ommelanden waard foar it earst útjûn yn 1781. Yn de marzje fan de kaart waarde de Grinslanner boargen ôfbylde, dêrom wurdt de kaart ek wol ‘boargekaart’ neaamd. Hy droech de kaart op oan erfsteedhâder Willem V fan Oranje-Nassau, waans wapen twaris op de kaart ôfbyld is.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Biografy

Beckeringh waard berne oan it Martinitsjerkhôf yn Grins en doopt yn de Martinytsjerke. Hy wie in soan fan Lambertus Beckeringh en Catharina Sipkens. Beckeringh waard sekretaris fan de rekkenkeamer fan de Steaten-Generaal (1721). Hy studearre rjochten oan de Grinzer Universiteit en promovearre yn 1738. Dêrnei waard er abbekaat foar de Hege Justysje-keamer. Dêrnjonken wie hy assessor fan it Generaliteits Kriichsgerjocht (1739-1790), redger yn De Ommelannen en grytman yn it Westerkertier. Hy boaske yn 1741 oan Geertruida van Hulten (1717-1799).

The contents of this page are sourced from Wikipedia article. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
Lists
Theodorus Beckeringh is in following lists
comments so far.
Comments
From our partners
Sponsored
Theodorus Beckeringh
arrow-left arrow-right instagram whatsapp myspace quora soundcloud spotify tumblr vk website youtube pandora tunein iheart itunes