Sjoerdtje Hak
Quick Facts
Biography
Sjoerdtje Hak (De Lemmer, 1945) is in Fryske lânskipsskilder út Wijhe.Tusken 1965-1972 krige se skilderlessen yn atelier Jos Lussenburg en waard dosint akwareltekenjen oan De Muzerie yn Swol. Sjoerdtje is lid fan keunstnersferiening Het Palet yn Swol en fan St. Lucas te Amsterdam. Fierders is se meiwurker fan tydskrift 'Palet' fan útjouwerij Arti.
It figurative lânskip hat meast te krijen mei wetter, it Waad en sompen lykas yn De Alde Feanen. Ek ûnderrûne stikken lân mei wrydske wolkeloften, binne it byldbepalende elemint yn har lânskipsskilderingen. It lânskip is foar har de grûn fan elke mins. De essinsje fan it lânskip wurdt yn har wurk faak werombrocht ta in sfearbyld. In oare kear binne de lânskippen werjûn mei in soad details.
Sjoerdtsje makket yn it iepen fjild potleadsketsen om kleur en sfear wer te jaan en wurket dy mei de oantekeningen út yn har atelier ta yn akwarellen en etsen.
Wurk fan Sjoerdtsje Hak hinget yn Museum van Bommel van Dam yn Fenlo, yn gemeentlike en provinsjale kolleksjes, mar ek by partikulieren en by ferskate keunstútlienen.
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |