peoplepill id: sjirk-de-wal
SDW
1 views today
1 views this week
The basics

Quick Facts

The details (from wikipedia)

Biography

Sjirk de Wal (ek wol Sierk de Wal; Jellum, 8 jannewaris 1852 - Essen oan de Roer (Dútslân), 9 septimber 1909) wie in breakeatser dy't syn suksessen helle oan de ein fan de 70-er en yn de 80-er jierren fan de 19e iuw. Hy wie yn 1885 de tredde keatser dy't ta kening keazen waard op de PC. Hy wûn de PC mar leafst sân kear: 1877, 1878, 1880, 1881, 1883, 1885 en 1886. Hy wie twa kear ferliezend finalist.

Sjirk de Wal waard berne yn Jelsum, mar ferhuze al as jonkje fan 4 jier nei Dronryp. As jongfeint hie er al namme makke yn keatsfermiddens. As breakeatser reizge hy de merkepartijen ôf. Hy waard lykwols faak útsletten fan dielname omdat er te goed wie, en sa oaren der fan ôf hâlde om oan de partijen mei te dwaan. Dat koste de kastleins dy't de keatspartijen meast útskreaunen tefolle omset.

Yn 1893 waard yn Dronryp in keatsferiening oprjochte dêr't de Wal de nammejouwer fan waard: VvV Sjirk de Wal. It wie yn dy tiid net ûngebrûklik dat keatsferienings, dy't yn dy snoarje rûnom oprjochte waarden, ferneamd waarden nei âld PC-keningen: ek de nammen fan Jan Reitsma (Peinjum en Reduzum) en Jacob Klaver (Mantgum), tiidgenoaten fan Sjirk de Wal, klinke dêrom noch geregeld op de keatsfjilden.

Sjirk de Wal boaske 14 maaie 1879 mei Gooitske Popkes van der Vlugt. Hja krigen trije jonges en ien famke. Sjirk ferstoar yn 1909 yn Dútslân, dêr't er de lêste 10 jier fan syn libben wenne hat.

The contents of this page are sourced from Wikipedia article. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
Lists
Sjirk de Wal is in following lists
comments so far.
Comments
From our partners
Sponsored
Sjirk de Wal
arrow-left arrow-right instagram whatsapp myspace quora soundcloud spotify tumblr vk website youtube pandora tunein iheart itunes