peoplepill id: sake-saakstra
SS
Netherlands
3 views today
3 views this week
The basics

Quick Facts

Work field
Gender
Male
Place of birth
Zweins, Franekeradeel, Friesland, Netherlands
Age
70 years
The details (from wikipedia)

Biography

Sake Saakstra (Sweins, 19 oktober 1954) wie in ferneamd keatser. Hy stamme út in keatsfamylje, want syn oerpake Klaas Boorsma wûn sân kear de PC en waard yn 1886 ta kening kroand. Ek syn broer Sipke keatste jierren oanien yn de haadklasse.

Karriêre

Saakstra wûn foar de keatsferiening mei de tapaslike namme ‘Klaas Boorsma’ út Sweins de tredde priis op it Nederlânske kampioenskip foar jonges yn 1970 en in jier letter de twadde priis op de Freulepartij yn Wommels. Op it Nederlânske kampioenskip foar junioaren (de Jong-Nederlânpartij) soarge hy foar in unikum troch dy partij trije jierren oanien, yn 1974, 1975 en 1976, op syn namme te skriuwen. De beide earste jierren, mei broer Sipke, foar Sweins en it lêste jier foar Winsum, wêrnei hyferhuze wie.

Saakstra, ûnderwizer fan berop, hie as keatser net altiten de sympaty fan it publyk. De loftshandige spiler, mei in flitsende en pleatste opslach, kaam foar de oerwinning en dat gong meastal ta skea fan syn útstrieling yn it fjild. Op 14 maaie 1972 behelle hy yn St.Anne it earste punt yn de haadklasse, net as opslagger mar as efterynse. Yn 1976 begûn foar Saakstra it prizenfestval op de PC. Yn dat jier wûn hy mei syn ûnskiedber ferbûne maat Piet Jetse Faber en Dirk Talsma dy keatspartij en hy mocht nei ôfrin de keningsbal yn ûntfangst nimme. Nei de earste priis op it Nederlânske kampioenskip yn 1978 foar de keatsferiening ‘Winsum’ wûn hy yn datselde jier de twadde priis op de PC. Dêrnei wûn hy de PC fiif jier oanien, fan 1979 oant 1984, hieltiten mei Piet Jetse Faber as foarynse en de beide lêste kearen mei Johannes Brandsma as efterynse. Dat trio waard troch kenners as it bêste partuer aller tiden karakterisearre. Yn 1981 waard de wilens yn Deinum wenjende Saakstra opnij ta kening keazen.

Dêrnei folgen foar de nei Grou ferhuze keatser noch trije twadde en ien fjirde priis op de PC. Yn totaal sammele hy sânentweintich punten en stiet dêrmei op it sânde plak yn it PC-klassemint, twa punten efter syn oerpake Klaas Boorsma. Alle punten op de PC bemastere hy trouwens mei Piet Jetse Faber. Op 14 septimber 1990 naam de doe yn Wergea wenjende Saakstra op de hillige grûn fan it Sjûkelân yn Frjentsjer, mei de keatskoryfeeën Johannes Brandsma en Wybren van Wieren, ôfskied fan de keatsleafhawwers. Tûzenen taskôgers wiene hjirfan tsjûge, lykas fan de omreis troch Frjentsjer yn’e koets fan de PC.

Saakstra wûn yn totaal 170 earste, 92 twadde en 78 tredde prizen, goed foar 772 punten en in hege klassearring yn it punteklassemint aller tiden. Boppedat waard hy 64 kear kening en stiet dêrmei op it twadde plak yn it keningsklassement. Nei syn aktive keatskarriêre waard hy lid fan it haadbestjoer fan de KNKB, earst as bestjoerslid technyske saken en op 4 april 1998 waard hy foarsitter. Op 15 novimber 2001 droech hy dy funksje oer oan syn opfolger Piersma. Foar syn ynset foar it keatsen waard Sake Saakstra ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau en ta earelid fan de KNKB beneamd.

The contents of this page are sourced from Wikipedia article. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
Lists
Sake Saakstra is in following lists
comments so far.
Comments
From our partners
Sponsored
Sake Saakstra
arrow-left arrow-right instagram whatsapp myspace quora soundcloud spotify tumblr vk website youtube pandora tunein iheart itunes