peoplepill id: rienk-hendrik-kuipers
RHK
Germany
1 views today
1 views this week
Rienk Hendrik Kuipers
German resistance fighter

Rienk Hendrik Kuipers

The basics

Quick Facts

Intro
German resistance fighter
Places
Work field
Gender
Male
Place of death
Neuengamme concentration camp, Germany
Age
40 years
The details (from wikipedia)

Biography

Rienk Hendrik Kuipers(De Haach, 4 jannewaris 1905 - Lübeck, 28 april 1945) wie dûmny fan Wânswert.

Yn de Twadde Wrâldoarloch stie ds. Rienk Hendrik Kuipers yn Wânswert by de grifformearden. Dûmny Kuipers siet yn 't ferset. Hy wurke foar de Lanlike Organisaasje foar Help oan Underdûkers.
Op snein 9 febrewaris 1945 hold in Dútske patrûlje by it útgean fan de Grifformearde Tsjerke yn Wânswert in kontrôle op persoansbewizen.

De tsjerketsjinst wie bywenne troch ûnderdûkers en oaren dy't út de hannen fan de Dútskers bliuwe moasten. Der ûntstie in panyk en guon flechten de tsjerke wer yn. Dêr wie in ûnderdûkersplak, mar om't hja fergeaten om de ledder yn te heljen sochten de Dútskers fierder yn 'e tsjerke. Sa waarden de minsken yn it ferskûlplak fûn.

Ds. Kuipers waard troch de Dútskers ferantwurdlik holden. Hy waard nei Grins brocht en waard op transport steld nei Neuengamme. Neffens syn meifinzenen hat hy dêr in protte minsken ta stipe west. Nei de befrijing fan Neuengamme is ds. Kuipers yn Lubeck ferstoarn. Hy is begroeven op it earebegraafplak yn Loenen. Nei de oarloch hat de strjitte yn Wânswert dêr’t de Grifformearde Tsjerke oan leit, de namme fan ds. R.H. Kuipersstrjitte krige.

The contents of this page are sourced from Wikipedia article. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
Lists
Rienk Hendrik Kuipers is in following lists
comments so far.
Comments
From our partners
Sponsored
Rienk Hendrik Kuipers
arrow-left arrow-right instagram whatsapp myspace quora soundcloud spotify tumblr vk website youtube pandora tunein iheart itunes