Riemkje Geveke
Quick Facts
Biography
Riemkje Geveke, better bekend as Rine Geveke (De Gordyk, 25 juny 1915 - Lutjebroek, 22 jannewaris 2006) wie de earste froulike opnamelieder fan grammofoanplaten yn Nederlân.
Libben
Rine Geveke produsearre foar Phonogram mear as 2.800 platen. Hja krige de Gouden Harp en Willy Alberti raande ien fan syn gouden platen om ta keatling dy’t er Rine joech by har ôfskied yn 1978 yn it Amsterdamse Konsertgebou. Hja naam de platen op fan Wim Sonneveld, Max van Praag, Malando, Pipo de Clown, Corry Brokken en it Urker Mannenkoor. Mei Feike Asma reizge hja troch it lân om oargelkonserten op te nimmen. Har lêste plaat wie de earste fan Youp van 't Hek.
Riemkje waard berne op De Gordyk yn Opsterlân. Har heit hie in izerwinkel en kocht op de Leipziger Messe foar har in akkordeon. Hja song en spile piano en fioele. Hja die hannelskorrespondinsje Frânsk, Dútsk en Ingelsk en waard sekretaresse bij de Bataafse Petroleummaatschappij yn Amsterdam, dêrnei - yn 1948 - by Decca, dat troch Philips oernommen waard. Hja ferfong har sike baas en stelde út in platerige Music for the Millions te meitsjen. De rige waard in grut súkses.
De earste plaat dy’t hja as programmalieder makke, wie Ik sta op wacht fan Joop de Knegt, yn 1957. Yn 1978 gie hja mei pinsjoen. Hja ferstoar yn 'e âldens fan 90 jier.