peoplepill id: reinder-jacobus-taekema-de-stoppelaar
RJDS
Netherlands
2 views today
2 views this week
Reinder Jacobus de Stoppelaar
Dutch opinion journalist and minister

Reinder Jacobus de Stoppelaar

The basics

Quick Facts

Intro
Dutch opinion journalist and minister
Gender
Male
Place of birth
Ureterp, Opsterland, Friesland, Netherlands
Place of death
Enschede, Overijssel, Netherlands
Age
74 years
The details (from wikipedia)

Biography

Reinder Jacobus (Taekema) de Stoppelaar (Oerterp, 22 augustus 1873 - Ynskedee, 15 april 1948) wie in meniste predikant, sjoernalist en skriuwer fan boeken oer de natoer.

Hy wie in soan fan de lânboukundige Jacobus Andreas Lodewijk de Stoppelaar en Martzen Reinders Taekema. Hy studearre teology yn Leien en Amsterdam. Yn 1901 waard er doopgesind predikant yn East en West Graftdyk. De Stoppelaar stie fan 1911 oant syn emeritaat yn 1938 yn Wergea; in lytse gemeente, dy't him in soad tiid liet foar syn natuerleafhawwerij. Hy wie troud mei Marie Jacoba de Lang.

Yn 1914 krige er de gelegenheid om natuersketsen te publisearjen yn it blêd Het Vaderland en dat brocht him in soad bekendheid. Letter ferskynde syn wurk yn de Haagsche Post, de Wandelaar en Onze Aarde. Al dy stikjes laten ta in tweintichtal boeken (somtiden mei oaren skreaun) dy't tusken de beide wrâldoarloggen ferskynden en in protte wurdearring fan natuerleafhawwers krigen. Syn wurk tsjûget fan in skerp each en leafde foar de natoer as God syn skepping. De Stoppelaar syn foarkar lei by it Fryske wetterlân dat er jierrenlang mei syn motorboat trochkrúste.

Yn 1973 waard by gelegenheid fan syn hûndertste bertedei yn Wergea in strjitte nei him neamd, de Ds de Stoppelaarstrjitte.

Pubikaasjes fan De Stoppelaar

  • Waar de greiden groenen en de wateren klotsen. Den Haag (1921).
  • Glinsteringen van het jaar. DenHaag(1921).
  • Wind en water, klank en kleur. Den Haag(1923).
  • Door zon en wind. Den Haag (1924)
  • Vreugden van het zwerven. Den Haag (1926)
  • Zon op de golven. Laren (1926).
  • De roep der velden. Laren (1927).
  • De tooi der getijden. Laren (1928).
  • Uit ons waterland. Schetsen van dieren en hun omgeving,Gouda (1928).
  • Glanzende dagen. Laren (1928)
  • Sprake en sproke van het jaar. Laren (1929).
  • Blinkende verten. Amsterdam(1930).
  • De luister van hei land. Laren (1930).
  • Als het voorjaar komt. Amsterdam (1932).
  • Op Frieslands wijde wateren. Leeuwarden/Amsterdam (1932)
  • Koning Winter. Verhalen Hillegom (1932).
  • Wuivende wieken. Amsterdam(1933).
  • Een jaar natuurleven. Amsterdam. 1934-1935.
  • Waar de natuur wenkt. Amsterdam. (1938).
  • Kleine knagers. Amsterdam. (1938).
  • De groentetuin. Amsterdam (1938).
  • Vogels van polder en weide (1939)
  • Peter uit logeren. Een dierenboek voor kinderen. Utrecht. (1945).
  • Peter van het hoge huis. Een dierenboek voor kinderen. Utrecht. (1941).


Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • J.J. Kalma, yn it Biografysk leksikon foar de skiednis fan it Nederlânsk protestantisme.
The contents of this page are sourced from Wikipedia article. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
Lists
Reinder Jacobus de Stoppelaar is in following lists
comments so far.
Comments
From our partners
Sponsored
Reinder Jacobus de Stoppelaar
arrow-left arrow-right instagram whatsapp myspace quora soundcloud spotify tumblr vk website youtube pandora tunein iheart itunes