peoplepill id: pyt-van-der-zee
Pyt van der Zee
The basics
Quick Facts
Places
Gender
Male
Birth
Place of birth
Stiens, Leeuwarderadeel, Friesland, Netherlands
Death
Place of death
Leeuwarden, Leeuwarden, Friesland, Netherlands
Age
83 years
The details (from wikipedia)
Biography
Pieter (Pyt) Johannes Cornelis van der Zee (Stiens, 1915 - Ljouwert, 1998) wie in toanielregisseur en adviseur by de NATU (letter Nederlânsk Sintrum Amateurtoaniel) sûnt 1960. Teffens wied er de earste artistyk lieder fan Tryater. Hy wie troud mei oersetster Tryntsje van der Zee, en wie fan berop frouljuskapper te Stiens. Nei him is de Pyt van der Zee-priis neamd. De priis wurdt ien kear yn de trije jier útrikt oan ien dy't in soad docht foar it amateurtoaniel. Yn 1987 wûn Van der Zee de dr. Obe Postmapriis. Hy joech ek kursussen en les oer toaniel, regisearre en makke oersettings fan ûnder oaren Arthur Miller, August Strindberg en Tennessee Williams.
Rezjy (in kar)
- Tsien jier letter (Piter Terpstra, 1955)
- In slet fan tsien dollar (Jean Paul Sartre, 1962)
- De breid yn'e moarn (Hugo Claus, 1966)
- De Jonkerboer (opera, tekst Ype Poortinga, muzyk Paulus Folkertsma, 1967)
- Sjoen op in distânsje (Arthur Miller, 1972)
- Kiezzige kronkels (Barillet en Gredy, 1974)
- Thús (Oene Spoelstra, 1974)
Oersettings (in kar)
- allinnich
- 1982 - De Les (nei La Leçon, fan Eugène Ionesco)
- yn 'e mande mei Tryntsje van der Zee
- 1992 - It Kersehôf (nei Višnevyj, fan Anton Tsjechov)
- 1994 - De Mieu (nei Čajka, fan Anton Tsjechov)
- 1998 - De Dea fan in Hannelsreizger (nei Death of a Salesman, fan Arthur Miller)
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
The contents of this page are sourced from Wikipedia article.
The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
Lists
Pyt van der Zee is in following lists
By work and/or country
comments so far.
Comments
Pyt van der Zee