Pim Regnery
Quick Facts
Biography
Simon Jan (Pim) Regnery (Ljouwert, 1908 - dêre, oktober 1967) wie eigner fan it troch syn heit yn 1911 oprjochte Hotel De Kroan.
Nei opliedings yn De Haach, Dublin en Brussel naam er doe't er 23 jier wie Hotel De Kroan fan syn heit oer.
Regnery wie keunstsamler, haadbestjoerslid fan it Horecaf en bestjoerslid fan de Maatskippij ta Befoardering fan de Skilder- en Tekenkeunst yn Ljouwert. Ek wie er in protte jierren lid fan it algemien bestjoer fan de VVV-Ljouwert.
Yn it bekende Liber Amicorum fan him steane in soad nammen fan keunstskilders, skakers, toanielspilers ensfh., dy't nei in útfiering yn Ljouwert oernachten yn hotel De Kroan.
Regnery ferkocht syn bedriuw om reden fan sûnens op 1 novimber 1966 oan NV Kats boubedriuw. Hy stoar mei 59 jier oan in hertynfarkt.
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|