peoplepill id: pieter-helder
PH
Netherlands
1 views today
1 views this week
Pieter Helder
Politician

Pieter Helder

The basics

Quick Facts

Intro
Politician
Work field
Gender
Male
Birth
Place of birth
Aalsum, Dongeradeel, Friesland, Netherlands
Age
72 years
The details (from wikipedia)

Biography

Pieter Helder (Ealsum, 1811 - dêre, 13 july 1883) wie in houthanneler en provinsjaal politikus.

Biografy

Pieter wie in soan fan Hermannus Helder († 1859)en Grietje Harmens Binnema. Hy troude yn septimber 1834 mei Grietje Johannes van der Meulen (Drachten, 1814 - Ealsum, 1900). It pear krige 8 of 9 bern, dêr't twa fan yn de âldens fan 10 moannen stoaren. Hendrik Helder Pzn‎ wie in soan fan harren.

Yn 1866 wurdt it fennoatskip Pieter Helder oprjochte; mei J. Helder hat er de houtseachmûne 'Eben Haëzer', in "panfabriek" en hannelt er yn "verdere bouwmaterialen" . Yn 1883 waard de mûne oerdien oan J. van de Wint, dy't him yn 1927 ôfbrekke liet.

Helder wie in warber man foar de mienskip. Sa wie er lid fan de gritenijried fan East-Dongeradiel, assessor (wethâlder) fan dy ried, letter wethâlder fan de gemeente Eastdongeradiel, bestjoerslid fan de kiesferiening Oost Dongeradeel, lid fan Provinsjale Steaten fan Fryslân, meifoarsitter fan de Keamer fan Keaphannel yn Dokkum en oanswettende gemeenten en presidint fan it bestjoer fan de Sparbank te Dokkum.

Teffens wie er lid fan it Dokkumer lêsselskip "Ledige Uren Nuttig Besteed"

Yn 1883 komt er te ferstjerren yn de âldens fan 72 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ljouwerter Krante, 2 augustus 1859
  2. Ljouwerter Krante, 2 maaie 1856
  3. Ljouwerter Krante, 5 jannewaris 1866
  4. Ljouwerter Krante, 18 jannewaris 1884
  5. Ljouwerter Krante, 10 july 1883
  6. [1] Beschrijvingen van de dirigerende leden van het Dokkumer leesgezelschap "Ledige Uren Nuttig Besteed"
The contents of this page are sourced from Wikipedia article. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
Lists
Pieter Helder is in following lists
comments so far.
Comments
From our partners
Sponsored
Credits
References and sources
Pieter Helder
arrow-left arrow-right instagram whatsapp myspace quora soundcloud spotify tumblr vk website youtube pandora tunein iheart itunes