Piet Oberman
Quick Facts
Biography
Pieter Gerk Oberman (Piet) (Damwâld, 31 july 1908 - Dokkum, 14 novimber 1972) wie in houthanneler te Dokkum.
Oberman hat in wichtige rol spile yn it Frysk ferset tsjin de Dútske besetter yn de Twadde Wrâldoarloch. Heal july 1944 folge er Krijn van den Helm op as haad fan de KP Fryslân. Syn fersetsnamme wie Piet Kramer.
Oberman joech lieding oan de oerfal op it Hûs fan Bewar (de Blokhûspoarte) yn Ljouwert, op 8 desimber 1944. Der gie in feilleas troch Piet Oberman en syn neiste meiwurkers útwurke plan oan foarôf om te foarkommen dat de Dútsers wat yn 'e rekken krigen. Op de jûn fan 8 desimber waarden 51 fersetsminsken troch harren freonen fan de KP út de sel befrijd wêrby't gjin skot lost is. Dy aksje wurdt sjoen as ien fan de grutste fersetsdieden yn de Twadde Wrâldoarloch. De oerfal is yn 1962 ûnder de titel 'De Oerfal' ferfilme troch produsint Rudolf Meyer.