Nico Dros
Quick Facts
Biography
Nico Dros (folút Nico Willem Dros; Harkebuert (Teksel), 7 maart 1956) is in Nederlânsk skriuwer fan koarte ferhalen, romans en essay's. Teffens hat er ferskate skiedkundige wurken publisearre oer útinoar rinnende ûnderwerpen as de leansûntjouwing yn Nederlânsk-Ynje en it kristlik fûnemintalisme yn Nederlân, en is er aktyf as dichter yn syn memmetaal, it dialekt fan it Noardhollânske Waadeilân Teksel.
Nei in stúdzje skiednis oan 'e Frije Universiteit yn Amsterdam wie Dros ferskate jierren wurksum op it mêd fan histoarysk ûndersyk foar û.m. it Keninklik Ynstitút foar de Tropen en de Frije Universiteit. Hy joech lykwols dat wurk deroan om him ta te lizzen op it skriuwen fan fiksje. Yn 2002 rjochte er, tegearre mei de dichter en essayist Arie van den Berg, de Skriuwersfakskoalle Amsterdam op. Sûnt is er ien fan 'e dosinten oan dy oplieding.
Wurk
- proaza
- 1988 – Familiezaken (koart ferhaal)
- 1991 – Noorderburen (histoaryske roman)
- 1994 – Familiezaken: Verhalen (ferhalebondel wêrfan't it titelferhaal earder yn 1988 publisearre wurden wie)
- 1999 – Ter Hoogte van het Salsa-paviljoen (Bildungsroman)
- 2006 – Dromen van de Bok (roman)
- 2009 – Maagdenbloed (koart ferhaal)
- 2012 – Oorlogsparadijs (roman)
- poëzij
- 2013 – Meike om Reeuw in te Bieten: Texelse Gedichten (dichtbondel)
- non-fiksje
- 1992 – Changing Economy in Indonesia, Vol. 13: Wages 1820-1940 (skiedkundich wurk)
- 1997 – Een Bijbeldriftig Dorp (essay)
- 2003 – Het Angstzweet der Kolonialen (histoaryske en letterkundige essay's)
- 2010 – De Sprekende Slang: Een Kleine Geschiedenis van Laaglandsfundamentalisme (histoaryske stúdzje oer in tsjerkeskuorring en doarpsdrama resultearjend út in grifformearde synoade-útspraak yn 1926)
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|