peoplepill id: michel-marijnen
MM
Netherlands
4 views today
4 views this week
Michel Marijnen
Dutch politician

Michel Marijnen

The basics

Quick Facts

The details (from wikipedia)

Biography

M.J.H.M. (Michel) Marijnen (De Haach, 8 july 1945) is in Nederlânsk CDA-politikus.

Victor Marijnen, syn heit, is in bekend KVP-politikus dy't ûnder oaren minister-presidint en boargemaster fan De Haach west hat. Nei it gymnasium studearre er fan 1967 ôf rjochten oan de Universiteit Leien dêr't er yn 1972 ôfstudearre. Dêrnei waard er beliedsmeiwurker by de Stafôfdieling Ynternasjonale Saken op it Ministearje fan Folkssûnens en Miljeuhygiëne. Yn 1976 makke Marijnen de oerstap nei it Ministearje fan Finânsjes dêr't er as Haad Buro EEG oan 't wurk gie.

Op 16 augustus 1979 gie er lykas syn heit de polityk yn en waard er boargemaster fan de gemeente Haskerlân dêr't er Philip Houben opfolge, de lettere boargemaster fan Maastricht. By de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 1984 gong Haskerlân op yn de nije gemeente Skarsterlân dêr't Marijnen boargemaster waard. Goed 6 jier letter folge syn beneaming ta boargemaster fan Roosendaal en Nispen. By de gemeentlike weryndieling fan 1997 waard dy gemeente gearfoege mei Wouw en ûntstie de gemeente Roosendaal mei Marijnen as boargemaster. Letter helle er mei boargemaster Polman fan Bergen op Zoom mear as ien kear de krante fanwege it sluten fan de coffeeshops yn dy gemeenten. Simmer 2010 gie er mei pinsjoen.

The contents of this page are sourced from Wikipedia article. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
Lists
Michel Marijnen is in following lists
comments so far.
Comments
From our partners
Sponsored
Michel Marijnen
arrow-left arrow-right instagram whatsapp myspace quora soundcloud spotify tumblr vk website youtube pandora tunein iheart itunes