peoplepill id: maria-van-harinxma-thoe-slooten
MVHTS
1 views today
1 views this week
Maria van Harinxma thoe Slooten
Frisian baroness

Maria van Harinxma thoe Slooten

The basics

Quick Facts

The details (from wikipedia)

Biography

Maria van Harinxma thoe Slooten (folút: Maria Clara Electra Walburga van Eysinga baronesse Van Harinxma thoe Slooten; Amsterdam, 29 augustus 1927 – Aldemardum, 26 febrewaris 2015) wie in Frysk ealfrouwe út it geslacht Van Harinxma thoe Slooten en ien fan 'e lêste fertsjintwurdigers fan it tradisjonele aadlik wêzen yn 'e provinsje.

Libben

Van Harinxma thoe Slooten wie hikke en tein yn Amsterdam, dêr't hja ek har man, jonkhear Cornelis "Cees" van Eysinga trof, waans heit dêr perfester wie oan 'e universiteit. Nei harren trouwen setten hja har nei wenjen yn Fryslân, dêr't Van Harinxma thoe Slooten fan har memme famylje, Van Welderen Rengers, it monumintale Epema State yn Ysbrechtum urven hie. Har man wie predikant te Langwar, te Ealsum en Wetsens, yn Toppenhuzen en Twellingea en yn Wolsum en Westhim, en letter wied er ek keamerhear fan 'e keninginne yn Fryslân, in ûnbetelle earebaantsje. As fertsjintwurdigers fan 'e adel ûnderholden de Van Eysinga's dochs al bannen mei it keningshûs, mar troch it keamerhearskip fan 'e jonkhear dinearren keninginne Juliana en letter ek Beatrix ferskate kearen op Epema State.

Maria van Harinxma thoe Slooten wie tige maatskiplik belutsen en sette har as dûmnyske û.m. yn foar de pleatslike frouljusferiening en yn 'e bernetsjerke. Ek wie hja in kenner fan 'e Fryske adel, dy't alle lagen mei har bloedbannen en skiednissen út 'e holle wei opsizze koe. Wa't dêr yn Fryslân wat oer witte woe, dy moast by har wêze, en sokken ûnthelle hja ek graach. Fierders organisearre de baronesse in protte eveneminten op Epema State, fan rommelmerken en braderyen oant besletten jûnsdiners by kjersljocht. Van Harinxma thoe Slooten en de man krigen fiif bern (Frans, Tjalling, Elske, Coralie en Clara), en bleaune oant yn hege âlderdom op Epema State wenjen. Yn desimber 2013 waarden hja troch sûnensswierrichheden lykwols twongen om te ferhúzjen nei it fersoargingstehûs Bos- en Meerzicht, yn Aldemardum. Op 26 febrewaris 2015 kaam Maria van Harinxma thoe Slooten dêr te ferstjerren. Hja waard begroeven yn Langwar.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
The contents of this page are sourced from Wikipedia article. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
Lists
Maria van Harinxma thoe Slooten is in following lists
comments so far.
Comments
From our partners
Sponsored
Credits
References and sources
Maria van Harinxma thoe Slooten
arrow-left arrow-right instagram whatsapp myspace quora soundcloud spotify tumblr vk website youtube pandora tunein iheart itunes