Ludi Bok
Quick Facts
Biography
Ludi Brantwagt-Bok is in leararesse en byldzjend keunstner. Se is sûnt 1991 lid fan de keunstnersgroep 'Souza'.
Ludi groeide op yn in húshâlden dêr't in soad tekene waard. By har oplieding oan de Kweekskoalle fan Stienwikerwâld ferdjippe se har kennis middels MU-kursussen tekenjen, hânarbeid en tekstile wurkfoarmen.
Oant 2008 wurke se as dosint byldzjende fakken en KKF oan it Esdalkolleezje yn Klazienaveen. Neist har wurk wie se ek byldzjend aktyf. Se wurket meast mei akryl. Yn it earstoan abstrakt, letter foarmen lytse sketsen de oanset ta grutter wurk. Underwerpen binne dêrby faak stillibbens en lânskippen. Nei in slimme sykte leit se har de lêste tiid (2009) mear ta op figurative tema's en akwarel. Har ynspiraasje kin oeral weikomme, fan ljocht op it wetter, in detail fan it lichem fan in model of fan beppesizzers ûnder de beammen yn it gers. Troch it op ambachtlike wize kleurjen fan de waarnimming besiket se te ferwizen nei iere oantinkens. Hjirby brûkt se faak foto's dy't se yn har atelier yn de tún ferwurket. Se wurdt ûnder oare beynfloede troch keunstners fan de Noardlike Ekspresjonisten as De Kooning, mar ek troch Wiecher Blaauw, Van Gogh en de skilder Hopper.
Eksposysjes fan har wienen yn Assen, Beetstersweach, Emmen, Noardlaren, Reduzum en Slachharen.