peoplepill id: lucie-de-blecourt
LDB
Netherlands
1 views today
1 views this week
Lucie de Blécourt

Lucie de Blécourt

The basics

Quick Facts

Work field
Gender
Female
Place of birth
The Hague, South Holland, Netherlands, Kingdom of the Netherlands
Age
75 years
The details (from wikipedia)

Biography

Lucie de Blécourt (De Haach, 1950) is in byldzjend keunstner mei in galery oan de Alde Biltdyk yn Sint-Jabik.

Gie nei it Huygenslyceum yn Voorburg en ferhuze letter nei It Bilt. Begûn sûnt 1975 portettekeningen te meitsjen. Yn 1985 makke hja in tal portretten fan de Frânske chansonnier Leo Ferré foar it omkaft fan de grafyske bondels fan Wim Bors. Begjin jierren njoggentich ûntstie ynteresse foar it edelsmeien. Folge kursussen by Anke Kuypers en rjochte yn 1996 mei har man Wim Bors "Atelier 11" op. Tatreden yn 2001 ta it Gilde fan Fryske Goud- en Sulversmidten.

Haadtema yn har sieraden ‘natuer versus kultuer’. Der is altiten in kontrast werom te kennen yn in boartlike en strakke linefier. Graach wurket De Blécourt mei sulver dat se kombinearret mei oare materialen as edelstiennen, goud, rubber, hout, perspeks of pigminten. By it ûntwerpen giet se út fan it doel fa it sieraad of foarwerp. De temasearjes foarmje altiten in gehiel, mar elk sieraad of objekt is in unika. Har ideeën krije stal yn halssieraden, broches, ringen en brûksfoarwerpen.

Yn 2004 makke galery De Valk yn Harns in oersjochtentoanstelling mai wurk fan har út de tsien jier dêrfoar. Wurk fan har is ek te sjen yn de keunstrûte "Slikwerk" dy't yn augustus yn It Bilt hâlden wurdt.

Untwurp de Emansipaasjepriis ‘it roze pompeblêd’ yn opdracht fan it Anna Blamanhûs yn Ljouwert.

Fotoboeken

  • 2008 - Sieraden, Lucie de Blécourt 1993 - 2007 mei sieraden út de perioade 1993 - 2007
  • 2007 - Sieraden, Lucie de Blécourt 2008

Tentoanstellings (karút)

  • 2009 De toutes les couleurs Galery De Kleine Hoogstraat, Ljouwert
  • 2008 Sulver in bloei Galery Goutum, Goutum
  • 2007 Mon Jardin, Galery 45, Westdorpe
  • 2006 Des Pierres, Galery de Valk, Harns
  • 2005 Fjouwerkant, Gildetentoanstelling Galery de Valk, Harns
  • 2004 Sieradenshow Gilde mei huodden fan Gon Hoogvliet, Museum Smellingerlân, Drachten
  • 2004 10 jier oersjochtentoanstelling eigen wurk yn Galery DE VALK Harns
  • 2003 Groepstentoanstelling hjoeddeiske sulveren sieraden en objekten, Keunstromte It Hearrenfean
  • 1999 Keunstmanifestaasje Balk

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Fotoboeken

  • 2008 - Sieraden, Lucie de Blécourt 1993 - 2007 mei sieraden út de perioade 1993 - 2007
  • 2007 - Sieraden, Lucie de Blécourt 2008
The contents of this page are sourced from Wikipedia article. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
Lists
Lucie de Blécourt is in following lists
comments so far.
Comments
From our partners
Sponsored
Lucie de Blécourt
arrow-left arrow-right instagram whatsapp myspace quora soundcloud spotify tumblr vk website youtube pandora tunein iheart itunes