Louw de Graaf
Quick Facts
Biography
Louw de Graaf (Koatstertille (gem. Achtkarspelen), 12 april 1930) wie in Kristen-demokratysk politikus, dy't 'opgroeide' yn de ARJOS (Anti-Revolutionaire JOngeren Studieclubs) en it CNV. As steatssekretaris fan Sosjale Saken yn it earste kabinet-Van Agt paste er de bernetaslachregelingen oan. Yn de kabinetten-Lubbers (I en II) fierde er, nettsjinsteande syn fakbûnsferline, in strang besunigingsbelied, wêrtroch't de sosjale sekerheid bot soberder waard. Yn'e mande mei minister De Koning (CDA) brocht er de stelselwersjenning sosjale sekerheid ta stân. Hy wie twaris in skoftke minister. Nei syn ôfgean yn 1989 waard er foarsitter fan de Sikefûnsried en fan it Kolleezje foar Soarchfersekeringen (CVZ). De Graaf behearde ta de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân, dy't yn 2004 opgien binne yn de Protestantske Tsjerke yn Nederlân.