peoplepill id: lalla-weiss
LW
Netherlands
1 views today
7 views this week
Lalla Weiss
Dutch activist of Romani descent

Lalla Weiss

The basics

Quick Facts

Intro
Dutch activist of Romani descent
Work field
Gender
Female
Birth
Place of birth
Dieren, Rheden, Gelderland, Netherlands
Age
64 years
Family
Awards
Knight of the Order of Orange-Nassau
(2006)
The details (from wikipedia)

Biography

Lalla Weiss (folút: Zielwa Weiss; Dieren, 1961) is in Nederlânsk aktiviste en bestjoerster fan Roma-komôf, dy't har al in fearnsiuw ynset foar de rjochten fan 'e Sinty en Roma yn Nederlân.

Libben

Weiss waard yn 1961 berne yn in wenweinkamp yn Noard-Brabân, as de dochter fan Hannes Weiss, in lieder fan 'e Sinty-subgroep fan 'e Roma. Nettsjinsteande de manljuskultuer mank de Roma en hoewol't hja al op har alfde fan skoalle gie, ûntjoech hja har ta ien fan 'e meast foaroansteande Roma-lieders yn Nederlân. Yn 1989 stie hja oan 'e widze fan 'e Lanlike Sinty Organisaasje (LSO), dy't fan 2005 ôf de Stifting Lanlike Sinty/Roma Organisaasje (LSRO) hiet. Dat wie in non-gûvernemintele organisaasje dy't opkaam foar de rjochten fan 'e Sinty en Roma yn Nederlân en fêstige wie yn Best. Lalla Weiss wie koördinatrise en die nei bûten ta it wurd.

De direkte oanlieding foar de oprjochting fan dizze belange-organisaasje wie dat de Roma yn Nederlân ein tachtiger jierren noch altyd gjin erkenning genoaten as oarlochstroffenen. Yn 1999 waard se einlings as sadanich erkend troch de regearing-Kok, wêrnei't harren by wize fan kompinsaasje yn 2000 ƒ30 miljoen taparte waard, dy't yn behear kaam fan 'e Stichting Rechtsherstel Sinti en Roma (SRSR) yn De Bosk (dy't sûnt 2009 de namme Nederlânsk Ynstitút Sinty en Roma draacht). Behalven mei it oarlochsferline sette de LSO him ek yn foar it ferbetterjen fan 'e relaasjes tusken de Sinty en Roma en de "gewoane" Nederlanners, en foar de yntegraasje fan 'e eardere nomaden yn 'e sedintêre Nederlânske maatskippij. Sa wist de organisaasje learplichtamtners yn Noard-Brabân te twingen om Roma-âlden te bekeuren as hja har bern net nei skoalle stjoerden, om't men soks earder ornaris gewurde mei as gefolch dat in grut part fan 'e Roma gjin oplieding krige en letter dus gjin wurk hie, wat ta alderhanne problemen en spannings late.

It krewearjen fan 'e LSO waard yn 2001 bekroane mei de Geuzepenning, dy't útrikt waard troch prinsesse Margriet, mar it fan oerheidswegen tichtdraaien fan 'e subsydzjekraan late yn 2008 ta it opdoeken fan 'e organisaasje. Sûnt is Weiss de ûnoffisjele wurdfierster fan 'e fierders tige sletten Nederlânske Roma-mienskip, en dêrmei in ûnmisbere skeakel tusken har etnyske groep en de polityk. Ek bûten Nederlân wurdt har saakkundichheid erkend; sa waard se yn 2007 útnûge om in kommisje fan it Jeropeesk Parlemint ta te sprekken. Fierders organisearre Weiss ek ferskate betinkingsreizen nei it konsintraasjekamp Auschwitz, dêr't yn 'e Twadde Wrâldoarloch hûnderten Nederlânske Roma troch de nazys fergast waarden. Yn 2006 waard hja foar har ynset ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau makke. Lalla Weiss is troud mei in etnysk Nederlânske man en wennet yn Best.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
The contents of this page are sourced from Wikipedia article. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
Lists
Lalla Weiss is in following lists
comments so far.
Comments
From our partners
Sponsored
Credits
References and sources
Lalla Weiss
arrow-left arrow-right instagram whatsapp myspace quora soundcloud spotify tumblr vk website youtube pandora tunein iheart itunes