Koos van Keulen
Quick Facts
Biography
Koos van Keulen (Amsterdam, 1940) is in realistyske keunstskilder. Se folge in oplieding oan de ryksnormaalskoalle yn Amsterdam.
Har wurk bestiet foar in grut part út portretten en arsjitektoanyske foarmen. Hja brûkt geregeldwei sân- en okerkleuren. Benammen it strykljocht jout faak in spesjaal effekt. Ein jierren njoggentich ûntwikkelt hja in eigen, lossere styl. It figurative waard hieltiten abstrakter. Sa ûntstienen bylden wêryn de romte útien like te spatten yn in eksploazje fan loft, wolkens en stikken fan ingelefigueren. Ek fragminten fan arsjitektuer waarden yn it wurk ferwurke.
Ynspiraasjeboarnen binne eardere skilders as Pierro della Francescaen Johannes Vermeer. Fragminten fan sokke âlde wurken wurde ek wol ferwurke yn wurk fan Van Keulen.
Har werk is oankocht troch partikulieren mar is ek opnomd yn kolleksjes fan bedriuwen lykas fan de ING Bank Amsterdam. Eksposysjes fan har wienen yn it Amsterdams Histoarysk Museum. Koos van Keulen docht ek mei oan Art Amsterdam, Realisme Amsterdam, Art Verona (Itaalje) en Lineart (Belgje)