peoplepill id: kokadorus
K
Netherlands
1 views today
1 views this week
The basics

Quick Facts

Intro
None
Work field
Gender
Male
Place of birth
Leeuwarden, Leeuwarden, Friesland, Netherlands
Age
67 years
The details (from wikipedia)

Biography

Kokadorus (Ljouwert, 22 maart 1867 - Amsterdam, 27 maaie 1934) wie de namme fan in Amsterdamsk-Joadske merkekeapman.

Libben

Meyer Linnewiel (in ferbastering fan it Frânske Luneville) sa't syn echte namme wie, waard berne yn 1867 yn Ljouwert, mar ferhuze al gau nei Amsterdam. Dêr ferkocht hy al om syn tsiende op de Kalverstraat lúsjefers. Hy hie der hannichheid yn en is syn libben lang stânwurker bleaun, meastal wurkjen ûnder de namme Kokadorus.

Op it Amstelveld ferkocht hy galgen (Zó goed! Om je schoonmoeder aan op te hangen!) en toiletartikels, mar wie benammen bekend om syn politike kommentaren en syn mûlripe konversaasje. Kening Willem III fernom derfan en nûge him út om yn Apeldoorn op It Loo sprekken te kommen, mar yn it sjike selskip foel de oars sa snedige stânwurker stil.

Yn 1906 fierde hy syn sulveren jubileum; sûnttiids neamde hy him "professor Kokadorus", in titel dy't hy honoris causa krigen hawwe soe fan de Amsterdamske Gemeente-universiteit. Hy wist ek te fertellen dat de Britse kening Eduard VII yn Londen in plein nei him ferneamd hie, Kokadorus Square.

Yn 1934 ferstoar de man dy't troch syn kollega's oanpriizge waard as "keizer fan de stânwurkers", en dy't himsels — mei in knypeachje nei in bekend toanielstik fan Shakespeare — oantsjutte as "de Keapman fan Noard-Feneesje". Der stiet in beskieden stânbyld fan Kokadorus op it Amstelveld, dêr't Kokadorus op te sjen is by it aanprijzen fan galgen.

Trivia

Kokadorus is opnomd yn de top-100 fan bekende Ljouwerters, opsteld troch it Histoarysk Sintrum Ljouwert.

Literatuer

  • Jan Feith, Op het Amstelveld. Mémoires van professor Kokadorus (den Echte!) (1909)

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Libben

Meyer Linnewiel (in ferbastering fan it Frânske Luneville) sa't syn echte namme wie, waard berne yn 1867 yn Ljouwert, mar ferhuze al gau nei Amsterdam. Dêr ferkocht hy al om syn tsiende op de Kalverstraat lúsjefers. Hy hie der hannichheid yn en is syn libben lang stânwurker bleaun, meastal wurkjen ûnder de namme Kokadorus.

Op it Amstelveld ferkocht hy galgen (Zó goed! Om je schoonmoeder aan op te hangen!) en toiletartikels, mar wie benammen bekend om syn politike kommentaren en syn mûlripe konversaasje. Kening Willem III fernom derfan en nûge him út om yn Apeldoorn op It Loo sprekken te kommen, mar yn it sjike selskip foel de oars sa snedige stânwurker stil.

Yn 1906 fierde hy syn sulveren jubileum; sûnttiids neamde hy him "professor Kokadorus", in titel dy't hy honoris causa krigen hawwe soe fan de Amsterdamske Gemeente-universiteit. Hy wist ek te fertellen dat de Britse kening Eduard VII yn Londen in plein nei him ferneamd hie, Kokadorus Square.

Yn 1934 ferstoar de man dy't troch syn kollega's oanpriizge waard as "keizer fan de stânwurkers", en dy't himsels — mei in knypeachje nei in bekend toanielstik fan Shakespeare — oantsjutte as "de Keapman fan Noard-Feneesje". Der stiet in beskieden stânbyld fan Kokadorus op it Amstelveld, dêr't Kokadorus op te sjen is by it aanprijzen fan galgen.

The contents of this page are sourced from Wikipedia article. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
Lists
Kokadorus is in following lists
comments so far.
Comments
From our partners
Sponsored
Credits
References and sources
Kokadorus
arrow-left arrow-right instagram whatsapp myspace quora soundcloud spotify tumblr vk website youtube pandora tunein iheart itunes