peoplepill id: klaas-bouma
KB
Netherlands
1 views today
3 views this week
Klaas Bouma
Dutch painter

Klaas Bouma

The basics

Quick Facts

The details (from wikipedia)

Biography

Klaas Bouma (Lippenhuzen, 2 april 1914 – Westerbork, 25 septimber 1944) wie in Nederlânsk skilder en tekenlearaar fan Frysk komôf.

Libben en wurk

Bouma wie in soan fan Pier Bouma en Jitske Klazema. Hy studearre yn De Haach en helle de aktes M.O. (1936) en N.O.-nijverheid (1939). Hy boaske yn 1942 mei Siemtje (Sien) Wubbena (1917-1999). Hy waard skilder en wie tekenlearaar oan de MTS yn de stêd Grins.

Yn de Twadde Wrâldoarloch wie Bouma, ûnder de skûlnamme Gekke Gerrit, by it ferset en de Lanlike Organisaasje foar Help oan Underdûkers belutsen. Hy ferfalske persoansbewizen en stempels yn'e mande mei de Oardertsjinst. Bouma waard ferret en op 15 septimber 1944 troch de Sicherheitsdienst arrestearre; syn skoanheit Eltje Wubbena waard troch Pieter Johan Faber deasketten. Bouma waard nei it Scholtenhûs en letter nei Kamp Westerbork brocht, dêr't er op 25 septimber 1944 deasketten waard.

Op 28 desimber 1945 waard it gebou fan it 'Kunstlievend Genootschap Pictura' yn Grins opnij iepene. By de iepeningstentoanstelling waard wurk toand fan ûnder oaren Bouma, Alida van Houten, Klaas van Dijk en Evert Musch, Bouma waard yn de iepeningsrede troch de foarsitter betocht.

Earbetoan

Bouma's namme stiet op in betinkstien yn de Van Doornenveste, part fan de Hânzehegeskoalle Grins en op it yn 1948 ûntfâlde Oarlochsmonumint Esserveld yn Grins.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

The contents of this page are sourced from Wikipedia article. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
Lists
Klaas Bouma is in following lists
comments so far.
Comments
From our partners
Sponsored
Klaas Bouma
arrow-left arrow-right instagram whatsapp myspace quora soundcloud spotify tumblr vk website youtube pandora tunein iheart itunes