Johannes Hendricus Jurres
Quick Facts
Biography
Johannes Hendricus Jurres (Ljouwert, 17 jannewaris 1875 – Amsterdam, 2 augustus 1946) wie in romantysk keunstskilder.
Yn 1921 waard er heechlearaar oan de Ryksakademy te Amsterdam. Hy wie dêr lid fan Arti et Amicitiae. Wurk fan him sit yn de kolleksje fan it Frysk Museum, it Dordrechts Museum, it Singer Museum te Laren (Noard-Hollân) en it Ryksmuseum Van Bilderbeek-Lamaison te Dordrecht.
Begjin 20e iuw wie der in opkommend histoarysk bewustwêzen en wie Jurres in wurdearre keunstner. Benammen nei de oarloch, yn in tiid fan fernijing en eksperimint, waard Jurres lang as net nijsgierrich en âlderwets beskôge. Mei troch in tal útstallingen ein 20e iuw wurdt Jurres wer mear wurdearre en yn 2010 hat it Frysk Museum fiif skilderijen fan him oankocht.
Jurres grypte werom op bibelske foarstellings of hichtepunten út de wrâldliteratuer, lykas de "Don Quichot" fan Miguel de Cervantes. Hy keas foar syn histoarjeskilderijen de meast dramatyske mominten en fersterke de dramatyk troch donkere kleuren te brûken en te wurkjen mei wat losse fervestreken.
Johannes Hendricus Jurres stoar op 71-jierrige leeftyd yn Amsterdam. Ta syn learlingen hearden Hubert van Lith (1908-1977), Willem Hofhuizen (1915–1986), Jaap Min (1914–1987) en Anton Rovers (1921-2003).
Kar út syn wurk
Portret fan keninginne Wilhelmina, dat. 1900-1910
Portret fan in famke mei frissels, styl jierren '30
Terskjende hynders yn 'e Provence, dat. 1900-1943
Don Quichot en de kettinggongers, dat. net witten
Ezel, 1915