Johannes Casparus Bergsma
Quick Facts
Biography
Johannes Casparus Bergsma, (Ljouwert, 13 maart 1775 – Dokkum, 6 july 1818) wie in Frysk politikus en jurist.
Johannes Casparus Bergsma wie in soan fan de grytman van Dantumadiel Petrus Adrianus Bergsma (1743-1824) en Dodonea Jacoba Doitsma. Hy boaske op 3 july 1798 oan Jetske Wiskia fan Scheltinga (1777-1855). Hy wie intelch út de Fryske regintefamylje Bergsma. Hy studearre rjochten oan de Universiteit fan Frjentsjer.
Yn septimber 1814 waard Bergsma lid fan Provinsjale Steaten fan Fryslân út namme fan de gritenij East-Dongeradiel. Yn 1816 waard er grytman fan East-Dongeradiel. Beide funksjes hie er oant syn dea yn 1818. Yn maart waard er foar it departemint Fryslân beneamd ta lid fan de Gearkomste fan Notabelen dy't him útsprekke moast oer it ûntwerp fan de Nederlânske grûnwet.
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|