Jetske Reinou van der Malen
Quick Facts
Biography
Jetske Reinou van der Malen (Ljouwert, 23 oktober 1681 – dêre, 9 maart 1752) wie in 18e iuwske Fryske dichteresse.
Biografy
Jetske Reinou van der Malen wie de dochter fan Michiel van der Malen, abbekaat fan it Hof fan Fryslân en fan 1686 - 1689 skepen fan Ljouwert, en Rixt de Horn. Har heit ferstoar yn 1691. Trije jier letter troude har mem op'en nij mei Johan Hemsterhuis, dy't fan 1704 oant syn dea yn 1706 heechlearaar genêskunde oan de Universiteit fan Frjentsjer wie, sadat de húshâlding in jier as wat yn Frjentsjer tahâlde. Fierders hat Jetske Reinou van der Malen, dy't frijfaam bleau, altyd yn Ljouwert wenne. Hja wie dêr tusken 1710 en 1740 it middelpunt fan in rûnte fan piëtistyske dichteressen, dêr't ek Aurelia Zwartte, Allegunda Ilberi en Magdalena Pollius by hearden.
Tusken 1709 en 1713 waarden trije losse gedichten printe: yn 1709 in lofdicht op steedhâlder fan Fryslân Johan Wilhelm Friso, prins fan Oranje-Nassau, yn 1711 in lykdicht by syn dea en yn 1713 in gedicht op de Frede fan Utert. Yn 1728 ferskynde har ienige dichtbondel Zede-, Mengel- en Lykdichten mei 55 gedichten, skreaun tusken 1702 en 1727, mooglik al fan 1700 ôf. Ut de lêste 25 jier fan har libben bine gjin gedichten bekend.
Troch har berte en opfieding wie Jetske Reinou van der Malen yn Fryske aadlike en notabele fermiddens, wat blykt út de nammen fan de persoanen oan wa't se lof- en lykdichten wijde en opdroech. Se skreau ek lofdichten op oare dichters as Jeremias de Decker en Katharyne Lescailje.
Gedicht (fragmint)
Publikaasje
- Jetske Reinou van der Malen: Zede-, Mengel- en Lykdichten. Ljouwert, 1728.
Literatuer
- Riet Schenkeveld-van der Dussen, Karel Porteman, Lia van Gemert, Piet Couttenier (red.): Met en zonder lauwerkrans. Schrijvende vrouwen uit de vroegmoderne tijd 1550-1850: van Anna Bijns tot Elise van Calcar. Amsterdam University Press, Amsterdam, 1997. 970 siden (side 491 - 494). ISBN 978 90 5356 268 0
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |