Jelger van Feytsma
Quick Facts
Biography
Jelger fan Feytsma (stoarn yn Deinum, 13 septimber 1620) wie in Frysk bestjoerder.
Biografy
Fan Feytsma wie in soan fan jurist Hessel van Feytsma en Luts fan Mellema († 1580). Jelger wie in telch út de famylje Fan Feytsma. Jelger fan Feytsma gou as ien fan de machtichste bestjoerders fan Fryslân. Yn 1567 waard er ynskreaun as studint oan de universiteit fan Heidelberg en yn 1578 oan de universiteit fan Leiden. Al yn 1579 komt Fan Feytsma foar as lid fan Deputearre Steaten fan Fryslân.
Hy waard yn 1584/1585 mei Hessel fan Aysma nei Frankryk en Ingelân stjoerd om dêr de sûvereiniteit fan de Nederlannen op te dragen. Yn de perioade 1588-1619 wie Fan Feytsma rintmaster fan de domeinen fan Fryslân en riedshear oan it Hof fan Fryslân. Dy funksjes wiene lykwols splitst en dêrom wie er inkeld yn namme riedshear.
Yn 1584 waard Van Feytsma beneamd ta grytman fan Kollumerlân en Nijkrúslân. Yn dizze gritenij wie syn omke Ofke fan Mellema sekretaris. Njonken grytman wie Van Feytsma ek dykgraaf fan Kollumerlân. Yn 1587 joech er dat amt oer ôfstân om yn datselde jier grytman fan It Bilt te wurden. Dêr folge er mei-rintmaster Boudewijn van Loo op, al beneamde Fan Feytsma wol de pakesizzer fan Van Loo, Gerrit, ta sekretaris. Dizze Gerrit wie de sweager fan Rembrandt. Yn de jierren 1605 oant 1620 trede Fan Feytsma op as kurator fan de universiteit fan Frjentsjer.
Fan Feytsma kocht de Feytsmastate by Hallum fan syn famylje en fia syn mem krige er de Mellemastate by Eastrum. Ek hearde de Sierdsmastate by Deinum ta famyljebesit. Yn syn testaminte liet Jelger de states te Hallum en Eastrum nei oan syn soan Hessel en de state yn Deinum ferfoel oan soan Bocke. Bocke hie al by syn houlik yn 1600 grûn en jild krigen fan Jelger om de Feitsmastate deunby Kollum te stichtsjen.
Fan Feytsma waard begroeven yn de tsjerke fan Deinum. Dêr binne ek de sarken fan syn bruorren (Poppe en Ofcke), syn âlden (Hessel fan Feytsma en Luts fan Mellema) en pakes en beppes (Ruurd fan Feytsma en Tyemck fan Eminga).
De Feytsmastate yn Hallum op in tekening fan Jacobus Stellingwerf.
De Mellemastate yn Eastrum op in tekening fan Jacobus Stellingwerf.
De Feitsmastate noardlik fan Kollum.
Grêfsarken yn Deinum: fan links nei rjochts dy fan Jelgers pake en beppe, Jelgers broer Ofcke, grêfsark fan Jelger sels en Jelger syn heit en mem.
Houlik en bern
Fan Fetysma troude mei Auck fan Herema (? -1613), dochter fan Bocke fan Herema en Wyts fan Rennarda. It pear krige seis bern, ûnder oaren:
- Bocke fan Feytsma (stoarn 1626) troude mei Haring fan Burmania, dochter fan Upcke fan Burmania en Rints van Roorda. Bocke wie lykas syn heit rintmaster fan de domeinen fan Fryslân en hy wie ek grytman fan Kollumerlân.
- Hessel fan Feytsma (stoarn > 1613) troude mei Frau van Douma, dochter fan Erasmus fan Douma en Ath van Burmania.
Sjoch ek
- List fan grytmannen fan Kollumerlân en Nijkrúslân
- List fan grytmannen fan It Bilt