Jan Jansz. Starter
Quick Facts
Biography
Jan Jans Starter (Amsterdam, 1593 - Hongarije, septimber 1626) wie in dichter en boekferkeaper yn Ljouwert.
Syn âlden flechten fanwege haren leauwe út Ingelân nei Amsterdam. Jan wie troud mei Nieske Hindriksdochter en begûn op syn 21e in boekhannel op Oer de Kelders yn Ljouwert. Hy woe wat dwaan oan it kulturele libben yn de stêd en wie i soad te finen yn it fermidden fan de hofadel. Syn wurk is meast yn it Nederlânsk skreaun mar brûkt ek Fryske stikjes, en is ynspirearre troch de Fryske skientme en histoarje, mar skriuwde ek minnelieten. Syn lieten wienen meast op meldij fan Ingelske en Frânske lieten mar ek komponearre troch Jaques Vredema dy't letter ek yn Ljouwert kaam te wenjen. Gysbert Japicx is letter troch Starter beynfloede.
Yn Amsterdam wie er yn oanrekking komd mei de rederikerskeamer Egelantier. Yn 1617 rjochtet er de Ljouwerter Rederikerskeamer op, in soarte begjin fan de toanieltradysje yn Fryslân. De optredens binne yn de Westertsjerke. Hy komt boppedat yn konflikt mei de oerheid.
Nei in losbannich libben mei skulden ferfart er nei Frjentsjer.
Yn de 19e iuw kaam syn wurk fannijs yn de belangstelling. Wurk fan Starter waard opnij útjûn troch Dr. J. van Vloten. Op nûmer 8 fan Oer de Kelders hinget in plakette oer Jan Janssoan Starter, makke troch byldhouwer Hettema.
Wurk
- Daraide (1618)
- Nieuw-iaar lieden: Wthegheven by de Nederduytsche Academi (1618)
- Timbre de Cardone (1618)
- De Friesche Lusthof - in samling drink- brulloft- en selskipslieten (1621).
- Sotteklucht fan in abbekaat en in boer.