Jan Hut
Quick Facts
Biography
Jan Hut (eins: Jan Hindriks van der Wijk; (Aldhoarne, 1775 - Ljouwert (op it Galgefjild), 5 febrewaris 1803) wie in heidsjer dy't yn 1803 feroardiele waard foar de moard op in kastlein op de Blesse.
Biografy
Om 1800 hinne, yn de tiid fan de Frânske oerhearsking libbet Jan Hut. De earmoede is grut, der is gjin wurk, it folk wurdt strang ûnder de knoet holden. Mar dit folk op de heide by Jobbegea en Skuorregea is fan bûgjen frjemd. It giet dwers tsjin it gesach yn en hellet by rikere lju wat it sels net hat as in soarte Robin Hood. Jan wurdt falsk beskuldige en moat flechtsje. Hy bedarret op de heide fan Aldhoarne en Skuorregea, dêr’t hy opnaam wurdt troch it earme heidefolk fan de Kompenijsters. Mar de eksteur (haad fan de plysje) hellet him op en Jan moat tsjinje yn it leger fan Napoleon. Hy desertearret, komt werom op de heide en set alles yn it wurk om foar syn folk spek en bôle te heljen. Biddeljend mar ek rôvjend.
Mei Matthijs Frearks, Johannes Everts en Ale Harmens brekt Jan yn de nacht fan 27 op 28 desimber 1802 yn by hûs "Op Tronde" ûnder Elslo. Dêr wennet winkelman Sierdt Jans, se naaie út mei bêdeguod en jern. Fan 29 op 30 desimber oerfalt de binde fan Jan Hut, it kafee fan Otte Nieklaas Calle yn Blesdike. It âldere span wurdt swier tramtearre en fêstbûn oan hannen en fuotten. De dieven sette ôf mei fiif swiere sekken mei stellen guod. Yn de moarntiid fan 30 desimber wit de 66-jierrige Jacobje Engberts Dalsma har fuotten los te krijen. Se stroffelt nei de bakker Bearend Gerrits, dêr't har soan Koene (út in earder houlik fan Jacobje) as bakkersfeint is.
Koene Luiten Pit is eksteur en organisearret fuort in dievejacht. Yn dy nacht ferstjert syn styfheit, kastlein Otte oan syn ferwûnings. Op Aldjiersdei ferdiele de dieven it jild en de sieraden yn de keet fan Johannes Meelis. It echtpear Gosse Oenes Kort en Grytsje Durks (ek út de Kompenije) sjogge dit en jouwe it troch oan slachtoffer Jacobje Dalsma dy't justysje ynskeakelt. Op 4 jannewaris wurde trije dieven oppakt: Jan, Johannes en Reinder wurde nei Crackstate brocht. Johannes Everts ('man mei it lamme hantsje') út Bodegraven wit te ûntkommen, der wurdt nea wer wat fan him fernomd. Jan Hut wurdt oerbrocht nei it blokhûs yn Ljouwert en wurdt foar beide ynbraken feroardiele. Op 5 febrewaris 1803 mei Jan moarns ôfskied nimme fan syn frou Geeske Matthijs van der Wijk, dy't ek yn it blokhûs opsluten sit. Om 1300 oere wurdt er ophongen op it Galgefjild. Letter wurde syn maten ek oppakt en wurde ophongen op 22 febrewaris 1803. De beide tipjouwers wurde leanne mei 500 gûne, mar as it jild al gau op is geane se sels út stellen en komme ek yn it gefang.
Hut yn kultuer
Rink van der Velde skreau yn 1989 de roman "Jan Hut".
It faak romantisearre ferhaal is yn 2005 opfierd as Iepenloftspul troch “Ferdivedaasje Jobbegea”, de toanielferienings fan Jobbegea en Hoarstersweach, mei as koar It Sjongfolk, ûnder de titel “Hurd om Hut”. Skriuwer wie Frisius, it ferhaal is bewurke troch Jannie Koopmans en Henk de Haan, de rezjy wie yn hannen fan Jannie Koopmans en Tjibbe de Jong.
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |