peoplepill id: jan-ernst-van-panhuys
JEVP
Netherlands
1 views today
1 views this week
Jan Ernst van Panhuys
Politician

Jan Ernst van Panhuys

The basics

Quick Facts

Intro
Politician
Work field
Gender
Male
Place of birth
Groningen, Netherlands
Place of death
The Hague, Netherlands
Age
70 years
The details (from wikipedia)

Biography

Jhr. mr. Jan Ernst baron van Panhuys (Grins, 12 july 1808 - De Haach, 25 oktober 1878) stamde út in âld Grinslanner aadlik laach, wie in liberaal politikus en ûnder oare lid fan de Twadde Keamer en Gûverneur/Kommissaris fan de Kening fan Fryslân.

Libben

Van Panhuys waard op 12 july 1808 in Grins berne as soan fan jhr. Abraham van Panhuys (1774-1847) en Bernardina Ernestina Harmanna Polman Gruys (1775-1820). Syn omke jhr. Johan Æmilius Abraham van Panhuys wie ek politikus en bestjoerder. Hy boaske yn Grins op 8 desimber 1838 mei jkf. Maria Albertina Alberda van Ekenstein en wertroude nei har dea op 28 desimber 1847 mei har suster jkf. Anna Catharina Alberda van Ekenstein.

Hy studearre Romeinsk en hjoeddeisk rjocht oan de Hegeskoalle yn Grins en yn Leien en promovearre by de lêste yn 1833 op it proefskrift Specimen oeconomico-politicum inaugurale De tributis ta doktor yn de rjochtsgeleardheid. Hy naam as frijwilliger diel oan de Tsiendeiske Fjildtocht.

Hy waard dêrnei advokaat en prokureur yn Grins. Op 1 oktober 1838 waard hy rjochter by de Arrondissemintsrjochtbank yn Winschoten. Dizze betrekking beëinige hy op 1 desimber 1848.

Fan 19 oktober 1840 oant 13 febrewaris 1849 wie hy lid fan de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal foar Grinslân. Hy hearde ta de herfoarmingsgesinde leden en steunde yn 1844 dan ek it agindearjen fan it foarstel fan Thorbecke c.s. (de Njoggenmannen) ta wersjenning fan de Grûnwet.

Mei yngong fan 1 desimber 1848 waard hy beneamd ta Gûverneur fan Fryslân. Yn dizze funksje, nei 1850 ûnder de namme Kommissaris fan de Kening, bleau hy aktyf oant 9 juny 1878.

Yn 1874 by it 25-jierrich regearingsjubileum fan Kening Willem III waard hy ferheft ta baron. Hy wie Kommandeur yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw en grutoffisier yn de Oarder fan de Ikekroan.

Neist syn politike wurkpaad wie hy fan 1849 oant syn dea lid fan it Kolleezje fan Kuratoaren fan de Hegeskoalle yn Grins.

Sjoch ek

  • List Kommissarissen fan de Kening(inne) fan Fryslân

Boarnen

The contents of this page are sourced from Wikipedia article. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
Lists
Jan Ernst van Panhuys is in following lists
comments so far.
Comments
From our partners
Sponsored
Credits
References and sources
Jan Ernst van Panhuys
arrow-left arrow-right instagram whatsapp myspace quora soundcloud spotify tumblr vk website youtube pandora tunein iheart itunes