Jack Talstra
Quick Facts
Biography
Jack Talstra (eins: Jacob Talstra; Peazens, 10 maart 1946 – Terrace, 5 desimber 2014) wie boargemaster fan Terrace, yn Britsk-Kolumbia. Hy kaam yn desimber 1985 ta syn amt. Nei de ferkiezings fan 2008 moast er novimber fan dat jier it fjild romje foar Dave Pernarowski. Yn 'e 23 jier dat er boargemaster fan Terrace wie, late er it plak út in djippen ekonomyske krisis nei nije woltier ta. Yn 2009 waard er ûnderskieden mei de Order of Terrace foar syn bydragen oan de pleatslike mienskip.
Talstra, dy't foar syn boargemasterskip fan 1976 oant 1981 ek al as gemeenteriedslid yn Terrace tsjinne, wie in soan fan Douwe (Donald) en Wietske (Winnie) Talstra. De húshâlding emigrearre juny 1949 nei Kanada, wêrnei't se har yn Houston en doe yn Telkwa nei wenjen setten, foar't se har úteinlik yn 1953 op in boerespultsje te Terrace fêstigen. Jack Talstra ferstoar op 5 desimber 2014, yn 'e âlderdom fan 68 jier. Hy wie sûnt 1975 troud mei Hilda Talstra, en hie by syn ferstjerren fiif bern en acht pakesizzers.
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |