peoplepill id: jaap-zijlstra
JZ
Netherlands
1 views today
4 views this week
Jaap Zijlstra
Dutch poet and writer

Jaap Zijlstra

The basics

Quick Facts

Intro
Dutch poet and writer
A.K.A.
Jacob Roelof Zijlstra
Work field
Gender
Male
Age
91 years
The details (from wikipedia)

Biography

Jacob Roelof (Jaap) Zijlstra (Wassenaar, 5 septimber 1933 – Amsterdam, 22 desimber 2015) wie in Nederlânsk dichter, skriuwer en predikant.

Libben en wurk

Zijlstra waard opbrocht yn in timmermanshúshâlding en folge de mulo. Dêrnei wurke er as boekhâlder by de gemeente en yn in meubelfabryk; yn de jûnsoeren helle er syn praktykdiploma. Nei militêre tsjinst wie er tsien jier administrateur op it Rijnlands Lyceum Wassenaar.
Hy wie sûnt 1967 grifformeard predikant, neidat út tsjerklik jongereinwurk en aktiviteiten by Youth for Christ syn talint om jongelju by tsjerke te belûken bliken dien hie.

As dichter debutearre er by útjouwerij Callenbach mei Voor de gelukkige vinder (1965). Hy hat goed tweintich dichtbondels publisearre, soms mei in spesifyk tema (lykas Onder mijn groene huid oer syn militêre tsjinsttiid). Fierder binne der fan him in roman, twa novelles, lieten, beskôgjende teksten en losse ferhalen ferskynd. Hy droech ek in tal lieten oan it Lieteboek foar de Tsjerken by. Foar it Frysk Deiblêd skreau er jierrenlang in meditaasjerubryk.

Zijlstra stie as dûmny yn Duerswâld (1966), Delfsyl (1971), Vorden (1978) en Amsterdam (1986); yn oktober 1994 gie er mei emeritaat, mar bleau as fanâlds preekjen en lêzingen jaan yn it hiele lân. Fan 1987 oant yn 1990 presintearre er foar de NCRV it programma Kerkepad, in omgong Nederlânske tsjerken by del. Yn 1983 kaam er ûnder in preek yn Ermelo foar syn homoseksuele aard út. Dêrnei hat er in protte homoseksuele minsken, en letter ek minsken mei aids, pastoraal begelaat. De dichtbondel Ik zie je zo graag (De Prom, 1991) giet oer syn leafde foar jongens en krige de Priis fan de Flaamske Poëzydagen.

Zijlstra wenne oan de Keizersgrêft yn Amsterdam, dêr't erevangelisaasjepredikant wie by de oekumenyske stichting 'Diensten Met Belangstellenden'. Hy wie ek in bekend keunstsamler en hat galeryhâlders advisearre by de oan- en ferkeap fan skilderijen en bylden. Fierders hat er lange jierren warber west yn de kristlike auteursferiening Schrijverscontact, dêr't er oant 2013 foarsitter fan wie.

Zijlstra syn Verzamelde gedichten ferskynden yn 2010 by Utjouwerij Kok. Ek dat jier krige er de Dr. C. Rijnsdorp Priis foar syn hiele oeuvre. Hy wie lid fan de Maatskippij fan de Nederlânske Letterkunde en waard yn 2014 beneamd ta Lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau.

Oant 8 desimber 2015 sette Jaap Zijlstra alle dagen om middennacht in gedicht op syn Facebookside. Hy stoppe dêrmei doe't er siik waard. Zijlstra stoar yn de âldens fan 82 jier.

Bibliografy

  • Voor de gelukkige vinder (1965)
  • Een leeuw op de weg (roman, 1966)
  • Onder mijn groene huid (1967)
  • Land in zicht (1969)
  • Man en paard (1972)
  • Wij hebben de zon (1974)
  • Jan kocht zijn vlag een modderschuit (1980; ps. Jacob van der Sluis)
  • Het onland bloeit (1984)
  • Lichtgeraakt (1986)
  • Achter het rimpelend licht (1986)
  • De zon in het water (1986)
  • Een dag uit duizend (1986)
  • Een zon die nacht en nevel overwint (1988)
  • Liefde is ons getij (1989)
  • Het geheim van het graan (1989)
  • Een lampion in de boom (1989)
  • Het geluk van je leven (1990)
  • Ik zie je zo graag (1991)
  • De bloei van het licht (1992)
  • Wij komen biddend voor U staan (1993)
  • Hinkelspel (1995)
  • Toekomst (Bijbels dagboek, 1999; Fryske fertaling Takomst: lyts bibelsk deiboek)
  • Nachtval (2000)
  • De glazen schelp (novelle, 2000)
  • Symbolen en cimbalen. De beste gedichten uit de christelijke traditie van de twintigste eeuw (red., met Klaas de Jong Ozn. en Hans Werkman, 2000)
  • Dwaaltuin (2003)
  • De zilverling (novelle, 2003)
  • Inkeer: gebeden (2005)
  • Het ontbrekende (2007)
  • Olijftak: Geloofsgedichten (2007)
  • Er liep een damhert op de Dam – lichtvoetige diergedichten (2007)
  • De vlinderdas - 75 lichtvoetige diergedichten (2008)
  • In een ander licht: kijken naar ikonen (2010)
  • Verzamelde gedichten (2010)
  • Boven de wind uit (gedichten, mei pastellen fan Loes Botman, 2012)
  • Helder geheim - gedichten en liederen (2015)

---

  • Het Nieuwe Liedboek (útjefte PKN 2013) lied 31a, 159b, 220, 357, 389, 392, 393, 459, 562, 569, 574, 618, 633, 646, 687, 688, 690,722 en 852.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Libben en wurk

Zijlstra waard opbrocht yn in timmermanshúshâlding en folge de mulo. Dêrnei wurke er as boekhâlder by de gemeente en yn in meubelfabryk; yn de jûnsoeren helle er syn praktykdiploma. Nei militêre tsjinst wie er tsien jier administrateur op it Rijnlands Lyceum Wassenaar.
Hy wie sûnt 1967 grifformeard predikant, neidat út tsjerklik jongereinwurk en aktiviteiten by Youth for Christ syn talint om jongelju by tsjerke te belûken bliken dien hie.

As dichter debutearre er by útjouwerij Callenbach mei Voor de gelukkige vinder (1965). Hy hat goed tweintich dichtbondels publisearre, soms mei in spesifyk tema (lykas Onder mijn groene huid oer syn militêre tsjinsttiid). Fierder binne der fan him in roman, twa novelles, lieten, beskôgjende teksten en losse ferhalen ferskynd. Hy droech ek in tal lieten oan it Lieteboek foar de Tsjerken by. Foar it Frysk Deiblêd skreau er jierrenlang in meditaasjerubryk.

Zijlstra stie as dûmny yn Duerswâld (1966), Delfsyl (1971), Vorden (1978) en Amsterdam (1986); yn oktober 1994 gie er mei emeritaat, mar bleau as fanâlds preekjen en lêzingen jaan yn it hiele lân. Fan 1987 oant yn 1990 presintearre er foar de NCRV it programma Kerkepad, in omgong Nederlânske tsjerken by del. Yn 1983 kaam er ûnder in preek yn Ermelo foar syn homoseksuele aard út. Dêrnei hat er in protte homoseksuele minsken, en letter ek minsken mei aids, pastoraal begelaat. De dichtbondel Ik zie je zo graag (De Prom, 1991) giet oer syn leafde foar jongens en krige de Priis fan de Flaamske Poëzydagen.

Zijlstra wenne oan de Keizersgrêft yn Amsterdam, dêr't erevangelisaasjepredikant wie by de oekumenyske stichting 'Diensten Met Belangstellenden'. Hy wie ek in bekend keunstsamler en hat galeryhâlders advisearre by de oan- en ferkeap fan skilderijen en bylden. Fierders hat er lange jierren warber west yn de kristlike auteursferiening Schrijverscontact, dêr't er oant 2013 foarsitter fan wie.

Zijlstra syn Verzamelde gedichten ferskynden yn 2010 by Utjouwerij Kok. Ek dat jier krige er de Dr. C. Rijnsdorp Priis foar syn hiele oeuvre. Hy wie lid fan de Maatskippij fan de Nederlânske Letterkunde en waard yn 2014 beneamd ta Lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau.

Oant 8 desimber 2015 sette Jaap Zijlstra alle dagen om middennacht in gedicht op syn Facebookside. Hy stoppe dêrmei doe't er siik waard. Zijlstra stoar yn de âldens fan 82 jier.

The contents of this page are sourced from Wikipedia article. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
Lists
Jaap Zijlstra is in following lists
comments so far.
Comments
From our partners
Sponsored
Jaap Zijlstra
arrow-left arrow-right instagram whatsapp myspace quora soundcloud spotify tumblr vk website youtube pandora tunein iheart itunes