peoplepill id: jaap-van-der-scheur
JVDS
Netherlands
1 views today
2 views this week
Jaap van der Scheur
Nederlânsk fakbûnsman en gemeenteriedslid

Jaap van der Scheur

The basics

Quick Facts

The details (from wikipedia)

Biography

Jaap van der Scheur (Heerlen, novimber 1926 - Rotterdam, 26 desimber 2002) wie in Nederlânsk fakbûnsman en gemeenteriedslid.

Van der Scheur wie in soan fan in timmerman yn de minen. Hy waard grutbrocht yn inprotestantske húshâlding. Doe’t hy seis jier wie ferhûze it gesin van der Scheur nei de Skilderswyk yn De Haach. Yn 1959 kaam er yn tsjinst fan it fakbûn Abva en fan 1982 oant 1990 wie hy foarsitter fan it FNV-amtnersbûn AbvaKabo. Lanlik waard er ferneamd as oanfierder fan de lanlike amtnersstaking yn 1983.

Van der Scheur wie in autentike fakbûnsman, hy wie foar alles in aktivist, dy’t minder klam op ûnderhanneljen lei. Syn swier lûd en krûdich Haachsk aksint waard faak neidien. In ferneamde útspraak fan him - yn de tiid fan Bestek'81 - wie: "Als het kabinet voor is zijn wij tegen". Wim de Bie brûkte Van der Scheur as model foar Aad van der Naad, dy’t yn Keek op de Week kommintaar op de aktualiteit joech .

Nei syn pinsjoen wie Van der Scheur riedslid foar de lokale linkse partij Solidair '93 yn de gemeenteried fan Rotterdam. Hy stoar yn de âldens fan 76 jier.

The contents of this page are sourced from Wikipedia article. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
Lists
Jaap van der Scheur is in following lists
comments so far.
Comments
From our partners
Sponsored
Jaap van der Scheur
arrow-left arrow-right instagram whatsapp myspace quora soundcloud spotify tumblr vk website youtube pandora tunein iheart itunes