peoplepill id: hendrik-van-der-wielen
HVDW
1 views today
1 views this week
Hendrik van der Wielen

Hendrik van der Wielen

The basics

Quick Facts

Gender
Male
Birth
The details (from wikipedia)

Biography

Hendrik Gerardus Wilhelmus van der Wielen (Utert, 1 july 1903 - Oerterp, 4 oktober 1999), sosjaal-geograaf, bestjoerder fan kulturele organisaasjes en lieder fan de folkshegeskoalle te Allardseach.

Karriêre

Van der Wielen promovearre yn Amsterdam yn 1930 op it proefskrift Een Friesche landbouwveenkolonie (Opsterlân). Yn 1931 wie er bestjoerslid fan de Vereniging tot Stichting van Volkshogescholen. Hy late de Folkshegeskoalle Allardseach fan 1932 oant 1940 en fan 1945 oant 1949. Yn 1940/1941 wie er algemien sekretaris fan de Nederlânske Uny en yn 1945 en 1946 waarnimmend boargemaster fan Opsterlân. Nei 1949 wie er ek lanlik lieder fan'e folkshegeskoallen.

Hy wie bestjoersfoarsitter fan de Fryske Kultuerried tusken 1948 - 1965, fan de Advysried foar de RON (sûnt 1975 RONO (1956-1967) en fan it bestjoer (ûnderfoarsitter) fan de Fryske Akademy (1960-1961).

Yn 1968 waard him de Fryske Parsepriis takend.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Wielen, Hendrik Gerardus Wilhelmus van.
  • G. Abma, Kl. Jansma en oaren (red.), Encyclopedie van het hedendaagse Friesland, Ljouwert: M.A. van Seijen 1975, Wielen, Hendrikus gerardus Wilhelmus van der.
The contents of this page are sourced from Wikipedia article. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
Lists
Hendrik van der Wielen is in following lists
comments so far.
Comments
From our partners
Sponsored
Hendrik van der Wielen
arrow-left arrow-right instagram whatsapp myspace quora soundcloud spotify tumblr vk website youtube pandora tunein iheart itunes