Heinze Bakker
Quick Facts
Biography
Heinze Bakker (De Gordyk, 2 maart 1942) is in eardere sportsjoernalist. Hy wennet yn Leusden by Amersfoart.
Heinze Bakker gie nei de HBS en ferhuze op 17-jierrige leeftyd nei Grins om ekonomy te studearjen. Hy rekke yn de kunde mei Johannes Spieksma, sjef by de RONO, dy't him in stimtest dwaan liet. Hy hâlde op mei de stúdzje en fersoarge elke tiisdei- en freedtejûn út Grins wei it Fryske nijs. Sûnt 1969 wie hy einredakteur/presintator by it Fryske programma fan de RONO. Hy wie ek geregeld te hearren by it ferslach fan de gearkomsten fan de Steaten fan Fryslân, it skûtsjesilen en it wyklikse sportprogramma.
Letter gie hy mei oer nei Omrop Fryslân, kaam by de NCRV en doe oardel jier nei de AVRO en de NOS.
Hy wurke sûnt 1974 foar de NCRV- en de NOS-radio. Tegearre mei Theo Koomen en Hans Prakke fersloech hy in oantal jierren de Tour de France. Dêrnei wurke hy jierrenlang by it NOS-telefyzjeprogramma Studio Sport. Neist it presentearjen fan reguliere útstjoerings, fersoarge Bakker kommentaar by it tennisjen en it hurdriden. Hy wurke noch in tal jierren as einredakteur by dit programma eardat er yn 2002 yn de VUT gie.
Nei syn rinbaan as sportsjoernalist waard Bakker lid fan it seksjebestjoer maraton fan de KNSB, it Nederlânske reedridersbûn. Dêrnei waard hy lid fan it KNSB-bestjoer.