peoplepill id: hein-buisman
HB
Netherlands
1 views today
1 views this week
The basics

Quick Facts

Gender
Male
Place of birth
Leeuwarden, Leeuwarden, Friesland, Netherlands
Age
59 years
The details (from wikipedia)

Biography

Hein Buisman (folút: Hendrik Hero Buisman; Ljouwert, 18 maaie 1904 - Amsterdam, 23 septimber 1963) wie de lêste partikuliere bûterkeapman yn Nederlân. Buisman wie in grut natoerleafhawwer en fûgelbeskermer.

Libben en wurk

Buisman wie in soan fan bûtereksporteur Roelof Buisman en fan Hillegonda Cornelia Blok Wybrandi. Nei it gymnasium, dy't er om reden fan sykte net ôfmakke, krige er fierder ûnderrjocht foar syn plak yn it bedriuw dat syn âldepake oprjochte hie. Hy spile in rol fan belang by it fêststellen fan de bûerprizen yn Nederlân. Buisman wie teffens in grut natuerleafhawwer. Sa wie er bestjoerder fan de Nederlânske Ornitologyske Feriening, mei-oprjochter en ien fan de earste bestjoersleden fan It Fryske Gea, haadbestjoerslid fan Fûgelbeskerming Nederlân en fan Feriening Natuermonuminten. Buisman wie net allinne nasjonaal, mar ek ynternasjonaal warber yn de fûgelbeskerming. Hy waard yn 1962 beneamd ta ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau benammen fanwege syn krewearjen foar de natuerbeskerming yn Nederlân. Nei syn ferstjerren yn 1963 krigen It Fryske Gea (û.o. de Buismankoai ûnder Piaam), Fûgelbeskerming en Natuermonuminten legaten út de erfenis fan Buisman (dy't frijfeint bleaun wie).

Hein Buisman Stichting

In oar part fan Buisman syn erfenis wie ornearre foar it behâlden fan it monumintaal erfguod yn Harns. Dêr hie Buisman ferkate monumintale pânen, sa as De Blauwe Hand in monumintaal pakhûs, dat er restaurearje liet en dat in kultuerele bestemming krige. De njoggen oare wenten, dy't er besiet, woe er ûnderbrige yn in stichting. Foardat it safier wie rekke Buisman lykwols út de tiid. Syn beneisten fierden syn plannen dêrnei út. Yn 1964 waard de Stichting Oud-Harlingen oprjochte, dy't in stik as wat moannen letter, yn jannewaris 1965 de namme "Hein Buisman Stichting" krige.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • G. Abma, Kl. Jansma en oaren (red.), Encyclopedie van het hedendaagse Friesland, Ljouwert: M.A. van Seijen 1975, Buisman, Hein.

Libben en wurk

Buisman wie in soan fan bûtereksporteur Roelof Buisman en fan Hillegonda Cornelia Blok Wybrandi. Nei it gymnasium, dy't er om reden fan sykte net ôfmakke, krige er fierder ûnderrjocht foar syn plak yn it bedriuw dat syn âldepake oprjochte hie. Hy spile in rol fan belang by it fêststellen fan de bûerprizen yn Nederlân. Buisman wie teffens in grut natuerleafhawwer. Sa wie er bestjoerder fan de Nederlânske Ornitologyske Feriening, mei-oprjochter en ien fan de earste bestjoersleden fan It Fryske Gea, haadbestjoerslid fan Fûgelbeskerming Nederlân en fan Feriening Natuermonuminten. Buisman wie net allinne nasjonaal, mar ek ynternasjonaal warber yn de fûgelbeskerming. Hy waard yn 1962 beneamd ta ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau benammen fanwege syn krewearjen foar de natuerbeskerming yn Nederlân. Nei syn ferstjerren yn 1963 krigen It Fryske Gea (û.o. de Buismankoai ûnder Piaam), Fûgelbeskerming en Natuermonuminten legaten út de erfenis fan Buisman (dy't frijfeint bleaun wie).

The contents of this page are sourced from Wikipedia article. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
Lists
Hein Buisman is in following lists
comments so far.
Comments
From our partners
Sponsored
Hein Buisman
arrow-left arrow-right instagram whatsapp myspace quora soundcloud spotify tumblr vk website youtube pandora tunein iheart itunes