peoplepill id: haye-van-der-heyden
HVDH
Netherlands
1 views today
3 views this week
Haye van der Heyden
Dutch screenwriter, playwright and writer

Haye van der Heyden

The basics

Quick Facts

Intro
Dutch screenwriter, playwright and writer
Gender
Male
Age
67 years
The details (from wikipedia)

Biography

Haye van der Heyden (wiere namme folút: Jeroen Haye Michael van der Heijden; Bilthoven, 20 febrewaris 1957), is in Nederlânsk kabaretier, akteur, toanielregisseur en skriuwer fan toanielstikken, romans en berneboeken. Hy is in tige alsidich man, dy't ek as presintator, sjonger, muzikant en publisist aktyf west hat.

Libben

Van der Heyden waard yn 1957 berne yn Bilthoven. Nei't er de middelbere skoalle ôfrûne hie, studearre er in pear jier Nederlânske taal- en letterkunde oan ’e Ryksuniversiteit Utert. Syn teäterkarriêre begûn er by it bernetillefyzjeprogramma De Film van Ome Willem, wêryn't er wurksum wie as clown en basgitarist. Dêrnei rjochte er mei û.o. Erik Brey it kabaretselskip Purper op, dêr't er fiif jier oan ferbûn bleau. Letter ûntjoech Van der Heyden him op ferskillende terreinen; sa song er de bas yn ferskate close harmony-groepen, died er oan alderlei foarmen fan kabaret en wurke er mei er yn it satiryske radio- en tillefyzjeprogramma Binnenlandse Zaken. As akteur spile er yn Laat Maar Zitten, in komeedzjesearje by de VARA, dy't sitewearre wie yn in tichthûs op in eilân. Mei dy rol (fan 'e wat ûnnoazele oanjouwer fan Johnny Kraaijkamp sr.) waard Van der Heyden bekend by it bredere publyk.

Underwilens wied er ek begûn mei it skriuwen fan toanielstikken. Op dat mêd briek er yn 1989 troch mei it stik Jaloezieën, dat him besjen lit as in krityk op 'e Nederlânske lytsboargerlikheid. Van der Heyden wûn foar syn stikken trije kear de wichtige Visser-Neerlandiapriis, yn 1980 foar Drie Jongens, Drie Meisjes, yn 1989 foar Jaloezieën, en yn 2002 foar Gouwe Handjes, in stik dat er spesjaal foar syn freon Johnny Kraaijkamp skreaun hie. Oare stikken skreau er spesifyk foar Anne Wil Blankers, Piet Römer, Edwin de Vries, Nelly Frijda en syn skoanheit Allard van der Scheer. Trije fan syn stikken binne yn it Frysk oerset troch Jikke de Haan. Van der Heyden hat tsjintwurdich in eigen komeedzjetoanielselskip, Mussen en Zwanen, dêr't er ek geregeldwei as regisseur foar wurksum is.

Fan 1990 ôf begûn Van de Heyden njonken syn toaniel- en kabaretwurk ek senario's foar de tillefyzje te skriuwen, û.m. foar komeedzjesearjes as In de Vlaamsche Pot, Kees & Co. en Kinderen Geen Bezwaar, en foar dramarigen as Baantjer (ûnder it pseudonym Pieke Daalders) en Bloedverwanten. Fierders presintearre er yn 2000 de ynteraktive kwis Webstrijd, en wied er ferskate jierren lang haad fan 'e ôfdieling Research and Development fan John de Mol Producties. Yn dy lêste hoedanichheid wie hy it dy't it realityprogramma Big Brother syn namme besoarge.

Op persoanlik mêd hie Van der Heyden begjin njoggentiger jierren in yn 'e rabbersblêden breed útmetten relaasje mei de te jong ferstoarne aktrise en presintatrise Sylvia Millecam. Letter troude er mei Veronique van der Scheer, de dochter fan akteur Allard van der Scheer. Van der Heyden is de broer fan sjoernalist en publisist Chris van der Heijden.

Wurk (in kar)

Literatuer

  • 1980 – Drie Jongens, Drie Meisjes
  • 1989 – Jaloezieën
  • 1995 – Mussen en Zwanen
    • Frisian flag.svg Fryske oersetting: Mosken en Swannen (fert. Jikke de Haan, 2006)
  • 2002 – Gouwe Handjes
  • 2003 – Vogels
    • Frisian flag.svg Fryske oersetting: Fûgels (fert. Jikke de Haan, 2004)
  • 2006 – Vaders
    • Frisian flag.svg Fryske oersetting: Heit Wêze (fert. Jikke de Haan, 2009)
  • 1992 – Jij Bent Steeds een Ander
  • 1995 – Het Oor van Van Gogh
  • 2002 – Ooo, Wat Is het Fijn om Getrouwd te Zijn
  • 2004 – Verwarring
  • 1994 – Kusjes
  • 1995 – Zoenen
  • 1996 – Strelen
  • 1997 – Vrijen
  • 1998 – Liefde
  • 2000 – Proost, Lover!
  • 2001 – De Verboden Vriend
  • 2005 – Het Geheim van de Maffiamoeder
  • 2006 – Gered
  • 2007 – Het Geheim van de Ontvoering
  • 2007 – Wie Schrijft Die Blijft (Bezig) (in boek oer skriuwen)

Senario's

  • 1990 – In de Vlaamsche Pot
  • 2003-2012 – Kinderen Geen Bezwaar
  • 2004-2006 – Kees & Co.
  • 2009 – Suzanne en de Mannen
  • 1995 – Baantjer
  • 1993-1994 – Diamant
  • 2010 – Bloedverwanten

Prizen

  • 1980 – de Visser-Neerlandiapriis, foar Drie Jongens, Drie Meisjes
  • 1989 – de Visser-Neerlandiapriis, foar Jaloezieën
  • 1991 – de Johan Kaartpriis, foar Jaloezieën.
  • 2002 – de Visser-Neerlandiapriis, foar Gouwe Handjes
  • 1996 – de tip fan 'e Nederlânske Bernesjuery, foar Zoenen
  • 1997 – de Priis fan de Nederlânske Bernesjuery, foar Strelen
  • 1999 – de tip fan 'e Jonge Sjuery, foar Vrijen
  • 2000 – de tip fan 'e Jonge Sjuery, foar Vrijen

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Van der Heyden yn it Frysk:

  • Heyden, Haye van der, Fûgels (oers. Jikke de Haan), Grou, 2004 (Kritetoaniel), 81 siden; Tresoar oanfraachnû. 11496 fr folio bis.
  • Heyden, Haye van der, Fûgels (oers. Jikke de Haan), Ljouwert, 2005 (Stifting Utjouwerij Frysk Toaniel), 90 siden; Tresoar oanfraachnû. 11687 fr bis.
  • Heyden, Haye van der, Heit Wêze (oers. Jikke de Haan), Ljouwert, 2009 (Stifting Utjouwerij Frysk Toaniel), 86 siden; Tresoar oanfraachnû. 13308 fr bis.
  • Heyden, Haye van der, Mosken en Swannen (oers. Jikke de Haan), Ljouwert, 2006 (Stifting Utjouwerij Frysk Toaniel), 72 siden; Tresoar oanfraachnû. 11959 fr bis.

Libben

Van der Heyden waard yn 1957 berne yn Bilthoven. Nei't er de middelbere skoalle ôfrûne hie, studearre er in pear jier Nederlânske taal- en letterkunde oan ’e Ryksuniversiteit Utert. Syn teäterkarriêre begûn er by it bernetillefyzjeprogramma De Film van Ome Willem, wêryn't er wurksum wie as clown en basgitarist. Dêrnei rjochte er mei û.o. Erik Brey it kabaretselskip Purper op, dêr't er fiif jier oan ferbûn bleau. Letter ûntjoech Van der Heyden him op ferskillende terreinen; sa song er de bas yn ferskate close harmony-groepen, died er oan alderlei foarmen fan kabaret en wurke er mei er yn it satiryske radio- en tillefyzjeprogramma Binnenlandse Zaken. As akteur spile er yn Laat Maar Zitten, in komeedzjesearje by de VARA, dy't sitewearre wie yn in tichthûs op in eilân. Mei dy rol (fan 'e wat ûnnoazele oanjouwer fan Johnny Kraaijkamp sr.) waard Van der Heyden bekend by it bredere publyk.

Underwilens wied er ek begûn mei it skriuwen fan toanielstikken. Op dat mêd briek er yn 1989 troch mei it stik Jaloezieën, dat him besjen lit as in krityk op 'e Nederlânske lytsboargerlikheid. Van der Heyden wûn foar syn stikken trije kear de wichtige Visser-Neerlandiapriis, yn 1980 foar Drie Jongens, Drie Meisjes, yn 1989 foar Jaloezieën, en yn 2002 foar Gouwe Handjes, in stik dat er spesjaal foar syn freon Johnny Kraaijkamp skreaun hie. Oare stikken skreau er spesifyk foar Anne Wil Blankers, Piet Römer, Edwin de Vries, Nelly Frijda en syn skoanheit Allard van der Scheer. Trije fan syn stikken binne yn it Frysk oerset troch Jikke de Haan. Van der Heyden hat tsjintwurdich in eigen komeedzjetoanielselskip, Mussen en Zwanen, dêr't er ek geregeldwei as regisseur foar wurksum is.

Fan 1990 ôf begûn Van de Heyden njonken syn toaniel- en kabaretwurk ek senario's foar de tillefyzje te skriuwen, û.m. foar komeedzjesearjes as In de Vlaamsche Pot, Kees & Co. en Kinderen Geen Bezwaar, en foar dramarigen as Baantjer (ûnder it pseudonym Pieke Daalders) en Bloedverwanten. Fierders presintearre er yn 2000 de ynteraktive kwis Webstrijd, en wied er ferskate jierren lang haad fan 'e ôfdieling Research and Development fan John de Mol Producties. Yn dy lêste hoedanichheid wie hy it dy't it realityprogramma Big Brother syn namme besoarge.

Op persoanlik mêd hie Van der Heyden begjin njoggentiger jierren in yn 'e rabbersblêden breed útmetten relaasje mei de te jong ferstoarne aktrise en presintatrise Sylvia Millecam. Letter troude er mei Veronique van der Scheer, de dochter fan akteur Allard van der Scheer. Van der Heyden is de broer fan sjoernalist en publisist Chris van der Heijden.

The contents of this page are sourced from Wikipedia article. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
Lists
Haye van der Heyden is in following lists
comments so far.
Comments
From our partners
Sponsored
Haye van der Heyden
arrow-left arrow-right instagram whatsapp myspace quora soundcloud spotify tumblr vk website youtube pandora tunein iheart itunes