Halbe Brandsma
Quick Facts
Biography
Halbe Brandsma (Doezum, 3 desimber 1923 -Barendrecht, 7 july 2000) wie in Nederlânsk militêr.
Hy waard riddere yn de klasse fan de Militêre Willems-Oarder 4, nei oanlieding fan it Keninklik Beslút nûmer 29 fan 17 july 1947. Hy wie korporaal fan deMariniers as oarlochsfrijwilliger yn Nederlânsk-Ynje.
Yn Barendrecht is in stjitte nei Brandsma ferneamd, de Brandsma-akker.
Nei syn militêre karriêre begûn er in foarkeheftruckbedriuw en rjochte er Brandsma Vorkheftrucks B.V. op. Brandsma stoar yn de âldens fan 76 jier en waard te hôf brocht yn Mearum
Underskieding
Him waard de Militêre Willems-Oarder takend fanwegen bysûnder moedich en ferstannich belied ûnder de polysjonele aksjes op East-Java yn 1946.
Hat him troch it bedriuwen fan tige moedige en ferstannige dieden yn de striid tsjin de fijân ûnderskieden troch op 2 maaie 1946 by de gefjochtshannelingen tichtby Ngemboeng en Kemendoeng (East-Java), doe't er him oertsjûgje woe oft in ferwûne kammeraat him noch yn ien fan de hutten siet en hy dêrby ynienen op ûnferwachte tsjinstân fan trije ferburgen fijannen, dy't him mei klewang en bajonet oanfoelen, ûnskealik te meitsjen, dêr't er sels op ferskillende plakken by ferwûne waard, him nettsjinsteande der fan ferwissige oft de ferwûne kammeraat efterbleaun wie.
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |