Gosse Koopmans
Quick Facts
Biography
Gosse Koopmans(Garyp, 1957) is in Fryske keunstskilder. Hy ferhuze nei syn stúzje oan de Grinzer Akademy Minerva nei Arnhim. Hy wurke dêr as keunstner, mar joech ek kursussen yn Nymwegen, Belgje en Itaalje. Koopmans wennet sûnt 2001 yn it Dam Jaarsmahûs yn Eastermar.
Underwerpen yn syn wurk binne strângesichten dy't er krektas syn oare wurk op lokaasje makket. Simmerdeis skildert er in soad yn Toskane. Syn figurative wurk is tiidleas en fol fan langstme nei it oarspronklike. It Fryske lânskip jout dêrby ynspiraasje mei de moaie loften en de ynfloed fan ljocht en wetter. Ek makket er portretten wêrby't de eftergrûn faak in terras of merke is mei in soad libben.In permaninte eksposysje fan Gosse Koopmans is te finen yn galery Koopmans yn Earnewâld.Syn wurk waard û.o. eksposearre by Galery Vis, Art du Nord, Galery Goutum en by Galery Koopmans. Wurken fan him binne ek oankocht troch ferskate ynstellingen en ynstânsjes.
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |