Frans Hoekstra
Quick Facts
Biography
Frans Hoekstra (Frjentsjer, 23 novimber 1926 – dêre, 2 augustus 1983) wie in Nederlânsk predikant en letter politikus fan de PvdA.
Syn heit wie direkteur fan it postkantoar fan Frjentsjer. Nei it steedlik gymnasium fan Ljouwert studearre hy earst oan de Ryksuniversiteit Grins en dêrnei noch fiif jier oan de Universiteit fan Amsterdam. Nei dêr yn de teology ôfstudearre te wêzen waard hy herfoarme predikant. Yn 1953 waard hy loftmachtpredikant op de Fleanbasis Ljouwert en sûnt maaie 1955 wie hy fiif jier predikant yn Rie, Boer en Doanjum. Dêrneist wie Hoekstra fan 1957 - 1960 skriba fan de Provinsjale Tsjerkegearkomst. Yn april 1960 waard Hoekstra yn Rotterdam direkteur fan de diakonale ynstelling Tsjerklike Sosjale Arbeid. Yn 1966 gie hy nei Apeldoorn dêr't hy directeur waard fan it Opbouorgaan Apeldoorn en as PvdA'er yn de gemeenteried kaam. Op 1 noviember 1972 waard Hoekstra boargemaster fan Hoevelaken en presys acht jier letter folge syn beneaming ta boargemaster fan Lochem. Yn oktober 1982 gie hy mei sykteferlof en kaam net werom. Koart neidat hy nei Frjentsjer ferhuze wie ferstoar hy dêr yn augustus 1983, 56-jier âld.