Erik Zijlstra
Quick Facts
Biography
Erik Zijlstra (Frjentsjer, 25 novimber 1988) is in Nederlânsk pornografysk filmmakker.
Erik Zijlstra folge in oplieding foar kameraman/fideo-editor, en studearre úteinlik ôf as editor. Nei syn oplieding begûn er lowbudgetfilms te meitsjen, alderearst yn it underground sjênre, mar letter lei er him ta op de pornografy. Erik Zijlstra kaam folop yn de media neidat bekend makke waard dat hy de earste Fryske adultfilm makke hie, en hy op dat stuit dwaande wie mei in adultparody op "De hel van '63" fan Steven de Jong. De filmmakker hat neist de earste Frysktalige adultfilm, ek de earste adultfilm (ôfkomstich út Nederlân) yn anaglyph 3d útbrocht op dvd. Yn 2011 helle hy de parse mei it útbringen fan Clitna, in parody op Fitna fan Geert Wilders.
Septimber 2012 waard bekendmakke dat Zijlstra ien fan de meidoggers is fan it RTL5-programma: Passie in de Polder.
Koarte films
- Droombezoeker (2008, horrorfilm)
- Boards & Beer (2010, skatefilm)
- Make Satan Cum (2010, eksperimenteel/horror/pornofilm)
- Clitna (2011)
- Rotten Romance (2012, horror/eksploitaasjefilm)
Filmografy
- Friese Amateurtjes (2010)
- De Del van '63 (2010)
- Hete Famkes 3D (2010, pornofilm yn 3D)
- Een geile weerwolf in Friesland (2011)
- Jong en blond (2012, pornofilm)
- Jong en blond 2 (2012, pornofilm)
- Fucked in Holland (2012, pornofilm)
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|