Eelke Lok
Quick Facts
Biography
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |
Eelke Lok (Drachten, 1950) is in sjoernalist, kollumnist en ferslachjouwer. Hy wennet op De Gaastmar.
Eelke Lok is hikke en tein yn Drachten. Nei de HBS-B hat er ferskate dingen dien. Sa hat er by de Drachtster Courant, by it skipperswykblêd Schuttevaer en by it Keninklike Nederlânsk Gymnastyk Bûn (as perssjef) wurke. Eelke giet al hiel wat jierren mei as omropmeiwurker. Sûnt 1 septimber 1975, doe't der noch mar ien oere radio deis wie, is er wurksum by Omrop Fryslân. Docht in soad ferslach fan sportwedstriden en benammen fan it skûtsjesilen. Oan de foarjûn fan de Steatenferkiezings fan 2007 brocht Lok in boek út oer syn ûnderfiningen mei de provinsjale polityk Polityk yn Fryslân.
Eelke Lok gie yn 2015 mei pinsjoen nei't er 40 jier by Omrop Fryslân wurke hie.