Doet Boersma
Quick Facts
Biography
Doet Boersma (Wjelsryp, 1958), is in Fryske byldzjend keunstner. Se helle har akte tekenjen en hannewurk oan de learareoplieding Ubbo Emmius yn Ljouwert1983 en de Akademy Minerva yn Grins (1985). Se joech letter ek jierren skilder- en tekenlessen oan dizze learare-opliedings. Boersma is artistyk lieder en direkteur fan Keunstakademy Fryslân.
Oant har achttjinde wennet se op de âlderlike pleats yn Wjelsryp. Oer har bertegrûn hat yn 2008 in eksposysje west yn it Martenahûs. Fan 1991 ôf hâldt se har allinne dwaande mei eigen byldzjend wurk en jout lessen yn eigen atelier. Doet Boersma skildert in soad (Fryske) lânskippen en brûkt in soad kleur. Har meast figurative wurken geane bytiden oer yn abstrakte lânskippen.
Doet is oprjochter fan it Frysk Skildershûs yn Ljouwert. Dêr makket se yn har atelier frije opdrachten mar wurket ek yn opdracht. Boppedat jout se skilderlessen en wurkshops. Boersma eksposearret sa no en dan op ferskate plakken.
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |