Dirk van der Duim
Quick Facts
Biography
Dirk van der Duim, (Terwispel, 13 april 1908 – Ljouwert, 11 septimber 1990) wie in Frysk reedrider. Hy wûn de 6e Alvestêdetocht op 30 jannewaris 1940. Dy oerwinning moast hy lykwols diele mei Auke Adema, Cor Jongert, Piet Keizer en Sjouke Westra, omdat se fiifresom tagelyk oer de streek kamen. De fiif riders hienen yn Dokkum ôfpraten om mei syn allen tagelyk oer de streek te kommen, in ôfspraak dy't letter bekend bleau as it Pakt fan Dokkum.
Letter waard de mooglikheid om de winst fan de Alvestêdetocht mei oare riders te dielen ferbean. Dat hat ien kear resultearre yn in tocht sûnder winst. Op 14 febrewaris 1956 gienen wer fiif riders mei-inoar oer de streek. Se waarden letter út de útslach skrast, hoewol't der gjin nije winner oanwiisd waard.
Van der Duim wie boaske oan reedrydster Marie de Groot.