Daniel de Blocq van Haersma de With
Quick Facts
Biography
Jonkhear mr. Daniël de Blocq van Haersma de With (Rinsumageast, 17 maaie 1797 - Bûtenpost, 19 augustus 1856), wie abbekaat oan it Hof fan Fryslân, kapitein, grytman en lid fan de Steaten fan Fryslân. Troude mei Volkertina Adriana Heringa ( Ljouwert, 10 augustus 1797 – Bûtenpost, 3 juny 1862 ).
Libben en wurk
Daniël liet him 1 oktober 1814 ynskriuwe as studint oan de hegeskoalle yn Grins, dêr’t er op 4 maart 1820 befoardere waard ta master yn de rjochten. Nei it houlik fan Volkertina en Daniël wenne de húshâlding earst yn Ljouwert en krigen dêr de earste fiif fan totaal alve bern.
Al gau krige Daniël in beneaming as grytman fan Eastdongeradiel, dêr't hy syn omke Frederik de With opfolge. De húshâlding sette him ta wenjen yn Mitselwier yn huzinge Bosman, dêr't noch seis bern op de wrâld kamen.
By syn beneaming yn 1839 as grytman fan Achtkarspelen ferkocht hy it eptige en foarname Hûs Bosman oan syn opfolger Schelte Baron van Heemstra. Yn Bûtenpost kamen se te wenjen op Haersmastate, dat troch fererving krigen waard fan omke Sybrand van Haersma. Dy wie as grytman fan Achtkarspelen de foargonger fan Daniël.
Yn 1841 krige de famylje besite fan de keninklike famylje, dy't doe in besite brocht oan de twa noardlike provinsjes. Dit wie kening Willem II mei syn frou Anna Pawlona fan Ruslân. Underweis nei Grinslân gienen se oan by huzinge Haersmastate. De Ljouwerter Krante skreau ûnder oare: Het landhuis van den Heer Grietman was met smaak versierd, vele Aanzienlijken waren aldaar genoodigd en een keurig Dejeunée werd aangeboden. Neffens oerlevering binnen de famylje Van Haersma soe de kening by fertrek út Bûtenpost sein hawwe dat hy wat foar de hear grytman dwaan woe. De hear Van Haersma de With soe doe sein hawwe: "Sire, mijn enige wens zou kunnen zijn dat U de tot mijn dochter gesproken woorden waar maakt. U begroette haar met: "Goedemorgen, Freule". De kening soe op dizze frijpostige útlitting andere hawwe: Mijnheer, ik nobileer U. By Keninklik Beslút fan de dei fan de keninklike besite op Haersmastate, 26 july 1841, waard mr. Daniël de Block van Haersma de With troch de kening út eigener beweging ferheft yn de adelstân, dus sûnder dat dêrta rekestearre is. Syn neisieten mochten it predikaat jonkhear en jonkfrou fiere. Njoggen jier letter, yn 1852, brocht kening Willem III in besite oan de famylje op Haersmastate. De beide wethâlders fan Achtkarspelen Zijlstra en Gorter, twa riedsleden Buma en Hulshoff en de gemeentesekretaris Van de Schaaf wienen by de ûntfangst. Op eigen fersyk waard Haersma de With yn de lêste funksje ûntheft nei de steatkundige herfoarmingen fan 1851. Hy wie de lêste dy't dêrmei de funksje fan grietman beklaaide. Tenei wie der sprake fan de gemeente Achtkarspelen mei oan it haad in boargemaster.
Daniël hie lykwols noch mear funksjes, sa wie hy ûndermear abbekaat foar it Hof fan Fryslân, dykgraaf fan Eastdongeradiel, kapitein, adjunkt houtfester en lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân.
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |